Absalom
Absalom (Hebriuwsk: אַבְשָלוֹם) wie neffens it Alde Testamint de tredde soan fan kening David.
Absalom waard berne yn Hebron. Syn mem wie Maäka, de dochter fan kening Talmai fan Gesjûr. Yn it hiele Israel wie der neffens de Skrift gjin man sa knap as Absalom. Absalom sels hie ek in tige kreaze frou, mei wa't er neffens 2 Samuël 14:27 trije soannen hie en ien dochter, dy't krekt as syn suster Tamar hiet. Yn 2 Samuël 18:18 is te lêzen dat Absalom by syn libben in tinkstien foar himsels oprjochte, om't hy gjin soan hie dy't syn namme hie. Dêrút kin opmakke wurde dat de soannen fan Absalom al op jonge leeftyd stoarn binne.
De bruorremoard
bewurkje seksjeOm't Absaloms healbroer Amnon syn folle suster Tamar tenei kaam en ferkrêfte hie, nimt Absalon twa jier letter wraak. Absalom nûget Amnon mei oare soannen fan David út op in feest en lit him deadzje, sadree't Absalom fleurich fan de wyn is. Nei de bruorremoard flechtet Absalom nei syn pake Talmai, de kening fan Gesjûr. It duorre trije jier ear't de legeroanfierder Joäb David beprate koe om Absaloms weromkommen ta te stean. David stelde dêrby as betingst, dat Absalom nei syn eigen hûs gean moast en him net ûnder eagen komme mocht. It duorre doe nochris twa jier ear't David Absalom wer ûntfange woe.
Absalom rebellearret
bewurkje seksjeAbsalom brûkt syn tiid yn Jeruzalim om yn de geunst te kommen by it folk om David skielk fan de troan te stjitten. Sa hâldt Absalom minsken oan dy't ûnderweis nei de kening binne om rjochtspraak. Absalom warskôget harren dan dat der by de kening net ien is dy't nei harren klachten harkje sil en hâldt harren foar hoe goed hy it wol net dwaan soe as rjochter fan it lân. Nei't Absalom him fersekere hie fan genôch stipe ûnder de Israeliten, gyng Absalom nei Hebron om dêrút wei de opstân te organisearjen. As it ôfsprutsen sein jûn wurdt ta de opstân, wurdt David twongen om Jeruzalim te ferlitten. Hy lit de Arkyt Chûsai bliuwe om as spion yn Absaloms kringen te ynfiltrearjen. Achitofel, ien fan Davids adviseurs dy't oerrûn wie nei Absalom, moedige Absalom oan om David noch ûnder syn flecht oan te fallen, mar Chûsai wist Absalom der fan te oertsjûgjen om mear tiid te nimmen foar it formearjen fan in grutter leger. Dat joech David de tiid om syn troepen ta te rieden foar de kommende striid mei Absalom.
De dea fan Absalom
bewurkje seksjeYn de tichte bosken fan Efraïm kamen de legers fan David en Absalom foar inoar oer te stean. De slach ferrûn yn it foardiel fan David en it leger fan Absalom waard ynmakke. Absalom besocht op in ezel fuort te kommen, mar de lange hierren fan Absalom bleaunen oan de tûke fan in beam hingjen wylst syn ezel trochdraafde. Machteleas hong Absalom dêr en al gau wiene de mannen fan David dêr ek. En alhoewol't David út noch yn net woe dat Absalom grut kwea oandien waard, skeat Joäb Absalom trije pylken troch it hert.
It berjocht dat Absalom it net oerlibbe hie dompele David yn djippe rou. Fûleindich skriemde de kening "Myn soan Absalom, myn soan, myn soan Absalom, wie it mar sa dat ik yn dyn plak stoarn wie".
Boarne
bewurkje seksje- De Bibelboeken 1 Samuël en 2 Samuël.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Absalom fan Wikimedia Commons. |