Achaz fan Juda
Achaz (Hebriuwsk: אָחָז, "hâldt fêst") folge Jotam op as kening fan it keninkryk Juda. Achaz wie tweintich doe't hy kening waard en regearre it lân sechtjin jier.
Yn de tiid dat Achaz kening waard teach kening Pêkach en kening Rezin fan Aram it lân binnen, nei't er earder wegere hie in koalysje mei harren tsjin it Assyrje fan Tiglat-Pilêser te foarmjen. Neffens de Skrift hie de ramp dy't oer Juda kaam alles te meitsjen mei it ferearjen fan de ôfgoaden troch Achaz. Hy liet bygelyks bylden foar de Baäls jitte, brocht offers oan de kanaänityske goaden en gyng sels safier dat hy syn eigen soan de fjoerwijing liet ûndergean.
Om't de kening him sa ôfkeard hie fan de God fan Israel, joech de Heare him yn de macht fan de Arameeërs. Juda waard plondere, mar Jeruzalim waard net ynnommen. Achaz' posysje rekke noch fierder ferswakke nei't ek noch ris de Edomiten en de Filistinen it lân binnenfoelen en yn Juda hûsholden. Achaz socht help by de kening fan Assyrje, itjinge him it al it sulver en goud fan de timpel en it paleis koste. Tiglat-Pilêser grypte militêr yn, ferovere Damaskus en brocht kening Resin om. Yn it jier 722 f.Kr. foel Assyrje ek it Noardryk Israel binnen en foege it by it Assiryske ryk.
Kening Achaz reizge letter nei Damaskus om Tiglat-Pilêser hulde te bringen en liet dêrnei yn Jeruzalim de timpel oanpasse oan de ferearing fan de goaden fan Assyrje, om it de kening fan Assyrje sa goed mooglik nei't sin te meitsjen. Achaz joech ek opdracht om yn alle stêden fan Juda offerhichten op te smiten om de goaden fan Damaskus rûkoffers te bringen.
Achaz stoar yn 'e âldens fan 36 jier en waard opfolge troch syn soan Hizkía.[1][2][3]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |