List fan keningen fan Juda
Dit is de list fan keningen fan Juda, sa't dy jûn wurdt yn 'e boeken 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen fan 'e Bibel. Oer de persize datearring bestiet in protte ûnienichheid; hjir binne de jiertallen oanholden sa't bibelhistoarikus E.R. Thiele dy jout. (Foar it meastepart binne dat deselde jiertallen dy't ek efteryn de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 jûn wurde yn 'e taheakke Oersjoch fan de Bibelske Histoarje, behalven op plakken dêr't dêr blykber wat misgien is en se der op ûnferklearbere wize fan ôfwike, wat fêststeld wurde kin oan 'e hân fan 'e lingte fan 'e regearperioades dy't yn 'e eigentlike bibeltekst neamd wurde.) Skeanprinte nammen jouwe in omstriden keningskip oan.
List fan Keningen fan it feriene keninkryk Israel
bewurkje seksjeNAMME | PERIOADE | Opmerkings: |
foàr 1030 f.Kr. | predynastysk | |
Abimêlek | 1180 - 1177 f.Kr. | |
1030 - 1008 f.Kr. | Hûs fan Saul | |
Saul | 1030 - 1010 f.Kr. | |
Isjbosjet | 1010 - 1008 f.Kr. | |
1008 - 931 f.Kr. | Hûs fan David | |
David | 1008 - 970 f.Kr. | |
Salomo | 970 - 931 f.Kr. |
Nei de dea fan Salomo skuorde it feriene keninkryk útinoar yn it noarderryk of tsienstammeryk Israel, dat it Hûs fan David ôfswarde, en it suderryk of twastammeryk Juda, dat ûnder it Hûs fan David bleau. Sjoch foar in opsomming fan 'e keningen fan it tsienstammeryk Israel de list fan keningen fan Israel.
List fan Keningen fan it twastammeryk Juda
bewurkje seksjeNAMME | PERIOADE | Opmerkings: |
931 - 586 f.Kr. | Hûs fan David | |
Rechabeäm | 931- 913 f.Kr. | |
Abíam (of Abía) | 913 - 911 f.Kr. | |
Asa | 911 - 870 f.Kr. | |
Josjafat | 870 - 848 f.Kr. | |
Joaram | 848 - 841 f.Kr. | |
Achazja | 841 f.Kr. | (regearre 1 jier) |
Atalja | 841 - 835 f.Kr. | (keninginne) |
Joäsj | 835 - 796 f.Kr. | |
Amasja | 796 - 767 f.Kr. | |
Oezzia (of Azarja) | 767 - 740 f.Kr. | (waard melaatsk en moast yn 751 f.Kr. it regear oerdrage oan syn soan Jotam) |
Jotam | 740 - 732 f.Kr. | (fan 751 f.Kr. ôf regint foar syn heit Oezzia yn 't plak) |
Achaz | 732- 716 f.Kr. | |
Hizkía | 716 - 687 f.Kr. | |
Manasse | 687 - 643 f.Kr. | |
Amon | 643 - 641 f.Kr. | |
Josjía | 641 - 609 f.Kr. | |
Joächaz | 609 f.Kr. | (regearre in fearnsjier; fazal fan 'e farao fan Egypte) |
Jojakim (of Eljakim) | 609 - 598 f.Kr. | (fazal fan 'e farao fan Egypte) |
Jojakin (of Jekonja) | 598 f.Kr. | (regearre in fearnsjier en 10 dagen; fazal fan 'e kening fan Babyloanje) |
Sedekía (of Mattanja) | 597- 586 f.Kr. | (fazal fan 'e kening fan Babyloanje) |
Yn 586 f.Kr. waard Jeruzalim, de haadstêd fan it twastammeryk Juda, nei in opstân ynnommen troch Nebûkadnêzar II, de kening fan Babyloanje. Hy liet Sedekía, de lêste Judeeske kening, de eagen útstekke en yn ballingskip fuortfiere; Juda waard dêrnei ta in Babyloanyske provinsje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|