Jojakin fan Juda
Jojakin (Hebriuwsk: יְהוֹיָכִין; "God befêstiget") folge om 598 f.Kr. hinne syn heit Jojakim op as kening fan Juda.
Jojakin fan Juda | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
bertedatum | ± 615 f.Kr. | |
stjerdatum | ± 562 f.Kr. | |
Kening fan Juda | ||
regear | ± 598 f.Kr. | |
foargonger | Jojakim | |
opfolger | Sedekía |
Nei't kening Jojakim wegere noch langer tribút te beteljen oan de Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II, stjoerde dy syn leger op Juda ôf. Noch foar't it Babyloanyske leger de haadstêd Jeruzalim omsingele stoar de Judeeske kening. Syn soan Jojakin folge him op. It bibelboek 2 Kroniken ynformearret dat Jojakin doe acht jier wie, mar dat liket in skriuwfout te wêzen. It bibelboek 2 Keningen en de Syryske ferzje fan 2 Kroniken 36:9 neame in âldens fan 18 jier. Dat slút oan op in Babyloanyske boarne, dêr't út bliken docht dat Jojakin seis jier letter fiif soannen hie.
It regear fan Jojakin duorre mar trije moannen en tsien dagen en hy folge syn heit yn it tsjinjen fan frjemde goaden.
Doe't it leger fan Nebûkadnêzer foar de poarten fan Jeruzalim ferskynde, joech Jojakin him oer. Nei it ynnimmen fan de stêd waard Jojakin troch Nebûkadnêzer ôfset en mei oare leden fan de boppelaach en middenstân fan de Judeeske mienskip meifierd nei Babyloanje. Allinnich de earmste ynwenners mochten yn Jeruzalim wenjen bliuwe. Nebûkadnêzer hold Jojakin sânentritich jier yn Babel finzen.
Kening Ewil-Merodak joech Jojakin graasje yn it ramt fan syn troansbestiging. De rest fan syn libben makke Jojakin diel út fan it hôf fan Ewil-Merodak en foar syn ûnderhâld krige er in libbenslange útkearing.[1][2][3]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |