Jojakim (* 634; † 598; Hebriuwsk: יהויקים; "De Heare docht opstean") wie fan 609 oant 598 f.Kr. kening fan Juda.

Kening Jojakim fan Juda

Bibelske skiednis

bewurkje seksje

Jojakim waard berne mei de namme Eljakim en wie de âldste soan fan kening Josjía. Dochs wie it net Jojakim, mar syn jongere healbroer Joächaz, dy't syn heit opfolge as kening fan Juda. Joächaz waard lykwols al nei trije moannen ôfset troch de Egyptyske kening Neko II en ferfongen troch Eljakim, dy't doe 25 jier wie en by dy gelegenheid de namme Jojakim krige.

De Bibel skriuwt net posityf oer it regear fan Jojakim. Hy die wat de Heare ferkeard achte. De profeet Jeremía skreau dat hy foar himsels in paleis bouwe liet mei ûnearlike middels, hy liet syn folk foar neat wurkje, hie allinnich mar each foar it eigen belang en ûnderdrukte syn folk. Profeten dy't de kening warskôgen en him net noasken waarden mei de dea bedrige. Sa liet hy de nei Egypte flechte profeet Oería troch in groep manlju werom helje nei Jeruzalim, dêr't er him deaslaan liet.

Nei't Neko troch Nebûkadnessar, de kening fan Babel, yn it jier 605 f.Kr. ferslein waard by Karkemisj [1] rekke Juda ûnder Jojakim út de greep fan Egypte, dêr't it in fazalsteat fan wie. Al sûnt it regear fan kening Josjía profetearre Jeremía oer Nebûkadnessar's ynfal yn Juda. En no't it dêr op like waard der troch de profeet in fêsteltiid ôfkundige en droech Jeremía Barûch op alle wurden dy't de Heare tsjin Jeremía sprutsen hie op te skriuwen en foar te lêzen yn de timpel en ek dat de kening fan Babel no komme soe om it lân te fernielen. Nei't inkelde manlju út it fermidden fan de kening Jojakim de tekst ek oanhearden, stelden hja út de kening fan de tekst op de hichte te bringen. Tagelyk warskôgen hja Barûch om tegearre mei Jeremiá fan ruten te spyljen en ûnder te dûken om oan de grime fan de kening te ûntkommen. Dêrnei liet kening Jojakim him Barûch's skriftrol foarlêze en jimmeroan as der in pear stikken foarlêzen wie, snied er in stik fan de skriftrol ôf en smiet it yn it fjoer oant de hiele rôle opbaarnd wie. Dêrom, sa foarsei Jeremía, en om't er dôfhûdich bleau foar God's warskôgings, soe kening Jojakim gjin neiteam op de troan fan David krije en likemin in earfolle begraffenis krije, mar ynstee dêrfan sûnder grêf earne bûten de muorren fan Jeruzalim delsmiten wurde.[2][3]

Yn it jier 606 f.Kr. kaam de profesije fan Jeremía út en foel Nebûkadnessar Juda binnen. Hy liet in part fan it goud út de timpel weihelje, sloech Jojakim yn brûnzen keatlings en naam him, in part fan it Judeeske folk en it goud út de timpel mei nei Babel. Jojakim waard letter wer frijlitten en mocht as fazal oanbliuwe as kening.[4][5]

Nei't Jojakim trije jier nei syn frijlitting lykwols wegere him noch langer ûnder Nebûkadnessar del te jaan en gjin tribút mear betelle, stjoerde dy in leger fan Chaldeeërs, Aramiten, Moäbiten en Ammoniten op Juda ôf om it lân te ferwoastgjen. Help fan Egypte bleau út en noch foar't it leger fan Nebûkadnessar oan de belegering fan de haadstêd Jeruzalim ta wie ferstoar kening Jojakim.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jeremía 46
  2. Jeremía 22:13-19
  3. Jeremía 36:132
  4. 2 Keningen 24:1-5
  5. 2 Kroniken 36:5-8