Isjbosjet fan Israel
Isbosjet (Hebriuwsk אִישׁ-בֹּשֶׁת) wie neffens it Alde Testamint ien fan de fjouwer soannen fan kening Saul. Neffens inkelde Septuaginta-hânskriften wie syn oarspronklike namme lykwols Isj-Baäl. Isjbosjet hat mar twa jier kening west fan Israel.
Libben
bewurkje seksjeNei't syn heit en trije bruorren it libben lieten by de Slach op de berch Gilboä waard Isjbosjet troch de legeroanfierder fan Saul yn Machanaïm ta kening ferklearre oet it Feriene Keninkryk fan Israel. Earder hie de profeet Samuël lykwols David, in soan fan Isai út de stamme fan Juda, al ta kening salve om't Isjbosjet's heit, kening Saul, him ôfkeard hie fan God en de profeet. It kaam ta in lange striid tusken de legers fan Isjbosjet en David, dy't linkenoan yn it foardiel fan it hûs fan David ferrûn.
Isjbosjet ferspilet de relaasje mei syn legeroanfierder Abner doe't hy him it ferwyt makke dat hy omsloech mei in byfrou fan syn heit, kening Saul. Abner wurdt dan sa lilk, dat hy beslút oer te rinnen nei it kamp fan David. Joäb, de legeroanfierder fan David, hie lykwols noch in rekken iepen stean om't Abner syn broer Asahel fermoarde hie doe't dy him efternei siet yn 'e kriich fan David tsjin Isjbosjet. As Joäb fernimt dat Abner by David west hat en noch yn 'e buert is, stjoert hy der boaden op út om him te sykjen. Nei't hja him fûn hawwe bringe se Abner nei de poarte fan Hebron, dêr't Joäb bûten witten fan David om Abner delstekt.
As Isjbosjet heart dat syn legeroanfierder útnaaid wie en by Hebron deastutsen is, lit er de moedfearren hingje. Twa oare ofsieren, Baäna en Rekab, beslute dan it hûs fan in op dat stuit sliepende kening Isjbosjet yn te slûpen. Hja snije him de holle ôf en yn de hope yn de geunst te kommen by David bringe hja him de holle fan de deade kening as trofee. Mar David wurdt dan sa lilk as in sage op de beide manlju en foar harren leffe died lit hy Baäna en Rekab fuortendaliks eksekutearje. De holle fan Isjbosjet lit David út repekt foar de fermoarde kening by it lichem fan syn legeroanfierder Abner begrave.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|