Rechabeäm fan Juda

Rechabeäm (Hebriuwsk: רְחַבְעָם) regearre neffens it Alde Testamint fan it jier 922 oant 915 f.Kr. as earste kening fan it keninkryk Juda. Neffens de bibelboeken 1 Keningen en 2 Kroniken wie Rechabeäm ynearsten kening fan it Feriene Keninkryk fan Israel, mar nei't de tsien noardlike stammen fan Israel yn opstân kamen en it ûnôfhinklike Keninkryk Israel stiften bleau Rechabeäm allinnich hearsker oer Juda.

Kening Rechabeäm op in fragmint fan in muorreskilderij yn it stedhûs fan it Switserske Bazel
(fan Hans Holbein de Jongere)
Nei de dea fan Salomo yn 926 f.Kr. kaam der in ein oan it Feriene Keninkryk Israel. It ryk waard ferdield yn it troch Jerobeäm I regearre it noardlike keninkryk Israel (blau) mei de haadstêd Samaría, en it súdlike keninkryk Juda (giel) mei de haadstêd Jeruzalim, dat regearre waard troch Rechabeäm).

Rechabeäm wie de soan fan Salomo en de pakesizzer fan David, syn mem wie de Ammonityske Naäma. Nei de dea fan syn heit slagge it Rechabeäm net om de ienheid fan it keninkryk te bewarjen. De klacht wie dat it rezjym fan Salomo te swier west hie, mar Rechabeäm woe gjin tasizzingen dwaan om it wat lichter te meitsjen, ek al hiene de âldsten him de rie jûn om it folk yn 'e mjitte te kommen. Dat late ta de spjalting fan it joadske ryk. Op syn eigen stamme Juda en de stamme Benjamin nei keazen alle oare stammen foar Jerobeäm as kening fan it keninkryk Israel.

Doe't Rechabeäm syn posysje konsolidearre hie, naam hy it net mear sa krekt mear mei de wet fan de Heare. It folk sûndige mear as ea tefoarren en it tilde op fan de plakken dêr't offere waard oan frjemde goaden (1 Keningen 14:23). Sa koe it langer net troch gean en yn it fyfte jier fan Rechabeäms regear strafte God Juda mei in ynfal fan farao Sjisjak. De farao liet de skatten út de timpel en it paleis weihelje en ek de gouden skylden naam er mei. Om't Rechabeäm lang om let dochs noch om lyk woe en him foar God feroatmoedige, liet God Jeruzalim net hielendal ûndergean (1 Keningen 14:25; 2 Kroniken 12).

Rechabeäm hie achttjin frouwen en sechtich byfrouwen, mar Maäka, in dochter fan Absalom, hie de kening boppe alles leaf. Hy sette achtentachtich bern oan, wêrfan 28 soannen en 60 dochters.

Rechabeäm wie ienenfjirtich jier doe't er kening waard; hy regearde sântjin jier fanút Jeruzalim oer Juda. Under syn regear wie der algeduerich kriich tusken Juda en Israel. Syn soan Abiam folge him op.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibelboeken 1 Keningen en 2 Kroniken.