Oezzia fan Juda
Oezzia (Hebriuwsk: עוזיהו; ek (yn it bibelboek 2 Keningen 15) Azarja neamd) wie kening fan it keninkryk Juda fan ±811 f.Kr. oant 759 f.Kr.
Oezzia waard yn de âldens fan sechtjin jier kening fan it ryk en regearre likernôch 52 jier. De profeet Sekarja hie grutte ynfloed op de kening en sa lang't de profeet libbe die de kening "sa't de Heare it hawwe woe". Kening Oezzia hie in soad oansjen, hy ûnderhold in goede relaasje mei kening Jerobeam II, wûn oarloggen tsjin de Filistinen, Arabieren en Meûniten en wist syn lân sterk te meitsjen troch it ferbetterjen fan de muorren om Jeruzalim hinne en de bou fan wachttuorren yn de woastyn. Ek modernisearre de kening it leger, dat er útriste mei wapens. Foar de tuorren fan Jeruzalim liet Oezzia fernimstige masjines ûntwerpe, om oer grutte ôfstân pylken en stiennen fuort te slingerjen. Kening Oezzia boude Elat wer op en foege it plak wer by syn ryk. De kening seach it belang yn fan it boerebedriuw en liet ferskate foarsjennings oanlizze om de lânbou te ferbetterjen. [1]
De macht en it oansjen brochten lykwols heechmoed en dêrmei de fal fan de kening. Ienris waard er de timpel útjage troch wol tachtich prysters, doe't er tsjin de regels yn hannelingen yn de timpel die, dy't allinnich foar prysters tastien wiene. Neffens de Skrift waard syn heechmoed straft mei in akute foarm fan melaatskens. De kening mocht nea wer yn de timpel komme en hy moast oant syn dea yn in apart hûs bûten de stêd ferbliuwe.
Syn soan Jotam naam it bestjoer fan it lân tidens de sykte fan de kening waar en folge him nei syn dea op as kening. Om't de kening melaatsk wie waard hy net lykas wenst yn de Davidstêd begroeven, mar op in stikje grûn dat fan it Hûs fan David wie.[2]
Stien fan Oezzia
bewurkje seksjeDe Israelyske professor Eleasar Sukenik fan de Hebriuwske Universiteit fan Jeruzalim ûntdiek yn 1931 yn in Russysk-otterdoksk kleaster op de Oliveberch in stien, dy't no bekend stiet ûnder de namme Oezzia-stien en in plak krige hat yn it Israel-Museum yn Jeruzalim. De ynskripsje fan de stien is skreaun yn de Arameeske styl fan likernôch sânhûndert jier nei it ferstjerren fan kening Oezzia fan Juda. Oerset wol de ynskripsje sizze: "Hjirhinne binne de bonken fan Oezzia brocht, kening fan Juda. Net iepenje". It is net dúdlik oft de stien yndied in diel wie fan de tombe fan kening Oezzia of dat de stien letter makke is. Mooglik waard de kening yn de tiid fan de Twadde Timpel op 'e nij begroeven.[3][4]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|