Amon fan Juda
Amon (Hebriuwsk: אָמוֹן) folge yn de âldens fan 22 jier syn heit Manasse op as kening fan Juda. It regear fan Amon duorre fan 642 oant 640 f.Kr..
Bibelske skiednis
bewurkje seksjeAmon folge it religieuze belied fan syn heit, sa't dy dat yn it earstoan fan syn regear útfierde. Hy brocht offers oan ôfgoaden, dy't syn heit noch makke litten hie. Mar wylst Manasse berou krige fan syn sûnden, bleau Amon him krektoarsom fan de Hear fan Israel ôfkearen.
Yn it paleis kamen leden fan it hôf tsjin him yn ferset en deaden him. It folk, dat him ek oerjûn hie oan de ôfgoaderij, fermoarde neitiid elkenien dy't oan de gearspanning tsjin de kening meiwurke hie en rôp Amon's soan Josjía út ta opfolger.[1][2]
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |