Abía (Hebriuwsk: אביה; Latynsk: Abiam; "heit fan de see", "JHWH is myn heit") wie de soan fan Rechabeäm en pakesizzer fan kening Salomo. Abíam waard de twadde kening fan Juda en syn regear foel tusken 913 f.Kr. en 910 f.Kr.

Kening Abíam (ek: Abía)

Neffens it Alde Testamint wie Abíam krekt as syn heit net trou oan de God fan Israel. Hy wie God net lykas syn foarfaar David mei hiel it hert tawijd en fereare ek nochris Kanaänityske goaden.[1]

Tidens syn regear krige Juda oarloch mei Israel. Opfallend wie doe Abíam's oanhinklikens fan de God fan Israel en hy beskuldige oan it begjin fan de fjildslach Israel der fan dat hja harren fan Him ôfkeard hiene. Nettsjinsteande Israel's grutte oermacht en dat Juda ynsletten wie troch it leger fan kening Jerobeäm, fersloech Abíam Israel mei glâns. Trije stêden waarden troch him ynnommen en it slagge Israel net mear tidens it regear fan Jerobeäm om de klap te boppe te kommen.[2]

Abíam hie 14 froulju, by wa't hy 22 soannen en 16 dochters hie. Hy waard nei in regear fan trije jier opfolge troch syn soan Asa.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 Keningen 15:3
  2. 2 Kroniken 13:1-19
  3. 2 Kroniken 13:21-23