Amazja (Hebriuwsk: אמציה, "Sterk is de Hear") wie neffens it Alde Testamint kening fan Juda en folge syn heit Joäsj yn de âldens fan 25 jier. Syn regear duorre 29 jier.

Kening Amazja fan Juda

Amazja folge yn ±796 f.Kr. syn heit Joäsj op, nei't dy troch in gearspanning ôfset wie. Syn earste died as kening wie it terjochtstellen fan de manlju dy't syn heit fermoarde hiene. Dêrby hold de kening him oan de wet fan Moazes, dy't it ferbea om ek de bern fan de dieders te deadzjen.

De kening begûn al gau mei de bou in grut leger. Dêrnjonken rekrutearre er in troepenmacht fan 100.000 hierlingen út Israel. Dat lêste waard lykwols ôfkard troch in profeet, dy't de kening oantrune om de Efraïmiten werom nei hûs te stjoeren, om't God fanwegen harren goddeleazens net mear oan de kant fan Israel stie. Kening Amasja harke nei de profeet en liet de hierlingen tsjin harren sin wer fuortstjoere. Doe teach de kening mei syn leger fan allinnich Judeeërs op nei Edom en helle dêr in grutte oerwinning op it ryk [1], dat him al dessinia earder ûnder kening Joaram losmakke hie fan Juda. [2]

Amazja moast lykwols werom gean om't de hierlingen dy't hy earder fuortstjoerd hie no yn de stêden fan Juda hûsholden. Op 'e wei werom naam kening Amasja lykwols ek bylden fan Edomityske ôfgoaden mei om se thús te ferearjen. Dat kaam de kening te stean op in fermoanning fan in profeet, mar de kening bekroade him net om syn wurden en frege spottend oft er de profeet faaks ta riedshear oansteld hie.[3]

Nei de oerwinning op Edom waard Amasje oermoedich en begûn er kening Joäsj fan it Noardryk Israel út te dagen om de striid oan te gean. Dy stjoerde Amasja asandert in brief mei dêryn in parabel oer in stikel en in seder. De stikel moast Juda ferbyldzje en dy waard ferwâde troch wylde bisten. De rie dy't kening Joäsj oan Amazja joech wie dúdlik: bliuw thús, want oars soe it wolris raar mei Juda beteare kinne.[4]

Krekt as mei de profeet wie de kening no ek net te rieden en der folge in kriich mei Israel. It kaam Juda djoer te stean: it Judeeske leger waard troch Israel ynmakke en it Israelityske leger teach nei Jeruzalim, dêr't in grut part fan de muorren ôfbrutsen waard. De stêd waard plondere en tal fan gizelers moasten mei nei Israel's haadstêd Samaria. Amasja mocht lykwols kening bliuwe, mar sûnt hy frjemde goaden tsjinne hie er in soad lêst fan gearspannings. Op 't lêst waard it foar him yn Jeruzalim sa nuodlik dat er de wyk nimme moast nei Lakisj. Dêr fûnen se him likegoed en brochten him om.

Kening Amasja waard begroeven yn de Davidsstêd en opfolge troch Oezzia.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 25:5–13
  2. 2 Keningen 8:22
  3. 2 Kroniken 25:14-16
  4. 2 Kroniken 25:17-19
  5. 2 Kroniken 25:17-28