Achazja fan Israel
Achazja (Hebriuwsk: אֲחַזְיָה ’Ăḥazyāhū, JHWH hâldt fêst; 870 f.Kr. — 850 f.Kr.) wie kening fan Israel en in soan fan kening Achab en keninginne Izébel. It bibelboek Keningen is net posityf oer syn keningskip fanwegen it folgjen fan syn heit oangeande de ferfolging fan oanhingers fan de God fan Israel en it oanmoedigjen fan de Baäl-ferearing yn syn ryk. Syn regear hat mar fan 850 oant 849 f.Kr. duorre.
Achazja folge syn heit op, nei't dy tidens de striid tsjin de Arameeërs yn Gilead foel. Tidens Achazja's regear kamen de Moabiten tsjin him yn opstân.[1] It bûn mei kening Josjafat waard fuortsetten, mar in útstel fan Achazja oan Josjafat om mei te dwaan oan in floatekspédysje om goud út Ofir te heljen, waard troch Josjafat ôfwiisd.[2]
Doe't de kening slim ferwûne rekke by in fal stjoerde hy syn boadskippers nei de timpel fan Baäl-Sebûb, de god fan Ekron, om genêzing ôf te smeken. De profeet Elía waard troch in ingel warskôge en rûn de boadskippers fan de kening yn 'e mjitte om se te kearen. Nei't de profeet de fraach stelde oft der yn Israel soms gjin God wie dat hja nei Baäl-Sebûb gyngen, joech er har it boadskip foar de kening mei dat it bêd dêr't er no yn lei ek syn stjerbêd wurde soe. Dêrnei stjoerde de kening oant trije kear ta in ofsier mei 50 man der op út om Elía op te pakken, mar it slagge harren net om Elía benei te kommen. De earste twa kear waarden de manskippen fertard troch fjoer en fan it tredde fyftichtal gyng de ofsier foar Elía lizzen om it libben fan him en syn manlju te sparjen. Elía waard troch de ingel ynjûn net benaud te wêzen en mei dizze ofsier nei de kening te gean. Dêr spriek de profeet nochris de wurden dat de kening net mear út bêd wei komme soe en dat hy gau stjerre soe om't hy de God fan Israel ferlitten hie.[3]
Kening Achazja stoar, neffens de Bibel krekt sa't de Heare troch Elía sein hie. Hy wie mar twa jier kening en hie gjin soan dy't him opfolgje koe. Dêrom folge syn jongere broer Joaram Achazja as kening fan Israel op.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |