Joaram fan Israel
Joaram (Hebriuwsk: יוֹרָם), wie tusken ± 852 en ± 841 foar Kristus kening fan Israel. Hy wie de opfolger fan syn broer Achazja en wie de lêste kening fan it hûs Omry. Joaram hat it Tsienstammeryk tolve jier regearre. Alhoewol't Joaram neffens it Alde Testamint trochgyng mei de sûnden fan Jerobeäm fan ôfgoaderij, wie hy as kening net sa slim as syn beide âlden. Sa liet Joaram de wijstien foar Baäl ferwiderje, dy't yn opdracht fan kening Achab delset wie.
Striid mei de Moabiten
bewurkje seksjeAl tidens it regear fan syn broer Achazja wiene de Moabiten yn opstân kaam tsjin Israel. Kening Mesja fan Moäb wegere no skatting te beteljen. Foar kening Joaram wie dit de oanlieding om de striid oan te gean mei de Moabiten. Hjirby krige hy help fan de Josjafat, de kening fan Juda, en syn fazal, de kening fan Edom. It leger fan de trije keningen wist troch oanwizings fan de profeet Eliza stêd nei stêd te oerweldigjen, oant se by de muorren fan Kir-Charêsjet kamen. Op in momint dat kening Mesja belies jaan moast, liet hy op de muorre syn âldste soan as jefte oan de god Kamosj offerje en doe't de legers fan Israel dat seagen brieken hja op en gyngen werom.[1]
Kriich mei kening Hazael
bewurkje seksjeYn it lêste jier fan syn regear gyng Joaram tegearre mei Juda's kening Achazja, in soan fan Achab's dochter Atalja en dus in omkesizzer fan Joaram, yn Ramot-Gileäd de striid oan tsjin kening Hazael fan Aram-Damaskus. De Arameeërs rekken kening Joaram mei in pylk, dy't fanwegen de ferwûnings de striid opjaan moast.[2] Joaram waard nei syn paleis werom brocht, dêr't Achazja by him bleau.
De dea fan Joaram
bewurkje seksjeYntusken wie Jehû al troch in learlingprofeet fan de profeet Eliza ta kening fan Israel salve. Dizze Jehû hie de opdracht krige om in ein meitsje oan de dynasty fanwegen de grutte sûnden fan Joaram's âlden Achab en Izébel. Kening Jehû teach mei syn soldaten nei it paleis yn Jizreël en ûnderweis kamen hja kening Joaram en kening Achazja elk al yn in wein yn 'e mjitte. Joaram besocht noch fuort te kommen, mar Jehû skeat him op 'e flecht mei in pylk dea. De kening fan Juda besocht in oare kant út te flechtsjen, mar ek dizze kening wist net te ûntkommen oan it lot dat Elía earder al oansein hie.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |