Omry fan Israel
Omry († 869, 874 of 871 f.Kr.), wie tusken 876 en 869 f.Kr. (ek 885–874 f.Kr. of 882-878/871 f.Kr.) kening fan Israel. Syn regear duorre tolve jier.
Striid om de opfolging
bewurkje seksjeNeffens de Bibel wie Omry oarspronklik kommandant yn it leger fan kening Ela fan Israel. Nei't in dronken Ela nei twa jier keningsskip troch de legerkommandant Simry deaslein waard en it pak fan Ela as kening ynnaam[1], rôp it folk Israel noch dyselde deis Omry út ta kening. Omry teach dêrnei mei gâns folk nei Tirsa om Simry ôf te setten. It slagge Simry net de stêd te ferdigenjen en dêrom stiek er it paleis yn 'e brân en makke hy him sels fan kant.[2] Nei de dea fan Simry rekke it folk ferdield: it iene diel woe Tibny as kening, it oare diel Omry. De striid waar yn it foardiel fan Omry beslochte.[3]
It regear fan Omry
bewurkje seksjeOmry waard kening fan Israel en hy regearde tolve jier. Seis jier bleau Omry residearjen yn de âlde haadstêd Tirsa. Dêrnei kocht kening Omry fan in sekere Sjêmer in berch en begûn dêr mei de bou fan de nije haadstêd Samaria, dy't sa better te ferdigenjen wie.
Yn de Bibel wurdt Omry as in wize kening beskreaun. Tagelyk wurdt syn religieus belied negatyf beoardiele: Omry die wat ferkeard wie yn de eagen fan de Heare, slimmer as alle oaren foar him.[4]
Omry's hearskippij fan it keninkryk Israel wie stevich genôch om it ryk oan syn soan Achab nei te litten. Sa begûn in nije dynasty dy ek wol de dynasty fan de Omriden neamd wurdt. Syn neiteam regearde net allinnich oer it keninkryk Israel, mar ek koarte tiid oer it keninkryk Juda.
Omry wurdt yn teksten fan Moabiten en ynskriften fan Assyrjers neamd, dy't Israel noch lang nei syn dea as it "Lân fan Omry" of it "Hûs fan Omry" beskriuwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |