Ela († 876 f.Kr., oare boarnen sizze 885 f.Kr.) wie as soan en opfolger fan Basa de fjirde kening fan it tsienstammeryk Israel.

Kening Ela

It regear fan Ela duorre mar twa jier en wurdt datearre op 877-876 f.Kr. (ek 886-885 f.Kr.). De kening bleau de ôfgoaderij, dy't syn heit Basa net ôfskaft hie, gewoan tastean en dat brocht de kening yn konflikt mei de profeten fan de God fan Israel.

Doe't Ela him by in hofmaarskalk yn Tirza bedronken hie, waard hy troch syn kommandant Simry fermoarde. Dizze kommandant ferklearre himsels ta kening fan Israel en roege dêrnei de hiele famylje fan Ela út. Simry moast de oanspraak op de troan al nei sân dagen yn it foardiel fan Omry opjaan, om't hy gjin stipe fan it leger.

De moard wurdt yn de Tenach sjoen as de ferfolling fan de profesije fan de profeet Jehû, neffens wa it hûs fan Basa fanwegen harren ûndieden fuortreage wurde soe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

1 Keningen 16