Achille Beltrame
Achille Beltrame (Arzignano, 18 maart 1871 - Milaan, 19 febrewaris 1945), wie in Italiaanske keunstskilder, yllustrator en reklametekener. Syn namme is ûnskiedber ferbûn mei it wykblêd La Domenica del Corriere, dêr 't er de covers fan tekene fan de begjinwiken fan de tweintichste iuw oant de lêste wiken fan de Twadde Wrâldoarloch. Beltrame wie de offisjele omslachyllustrator fan La Domenica del Corriere oant 1945. Hy waard yn dy funksje opfolge troch syn learling Walter Molino.
Achille Beltrame | ||
keunstner | ||
Achille Beltrame | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Italjaansk | |
berne | 18 maart 1871 | |
stoarn | 19 febrewaris 1945 | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, yllustrator en reklametekener | |
prizen | Premio Mylius 1891 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeAchille Beltrame waard berne yn Arzignano, flakby Vicenza, as soan fan Giovanni Battista en Teresa Brusarosco. As bern hied er al in soad niget oan tekenjen; hy besocht it Kollegio Rossi yn syn bertestêd en fan 1885 ôf de Regia Scuola Tecnica fan Vicenza. Neidat er yn 1886 de middelbere skoalle ôfrûne hie, besleat er om syn keunststúdzjes fuort te setten en ferhuze er nei Milaan dêr 't er by syn broer Oreste, in apoteker, ynwenne.
Yn Milaan studearre Beltrame skilderkeunst oan de Accademia di belle arti di Brera by Giuseppe Bertini. Hy krige de Premio Mylius yn 1891. Fan 1896 ôf wurke er as grafikus foar Casa Ricordi, dat yn 1900 in searje aansichtkaarten fan syn hân publisearre oer opera's en dûnsfeesten, en yn 1899 helle Luigi Albertini him nei Corriere della Sera om de sneinsbylage fan La Domenica del Corriere te ûntwerpen. Yn fjirtich jier makke Beltrame 4662 tekeningen, wêrûnder in grut tal foar- en eftersiden yn kleur foar de sneinskrante Domenica del Corriere, wêryn 't er aktuele barrens yllustrearre. Syn opfolger by Domenica del Corriere yn 1941 wie Walter Molino.
Op 7 febrewaris 1945 waard er by it kuierjen net goed en foel er flau. Hy ferlear it bewustwêzen en rekke yn koma en waard net mear wekker.
-
Giuseppe Verdi oan de piano (1899)
-
Portret fan de keunstner Carlo Bazzi (1910)
-
Oanslach yn Sarajevo, titel La Domenica del Corriere, 12 july 1914
-
Portret fan in frou (foar 1917)
-
De Tricolore boppe Triest (10 novimber 1918)
-
Courmayeur (1928)
-
Benito Mussolini (1936)
-
Italië triomfearret yn Abessinië (1936)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Achille Beltrame fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|