Actief
De Actief is in advertinsjekrante dy't ferskynt yn Burgum en wide omkriten. It blêd waard oprjochte yn maart 1964 mei meast regionaal nijs. De krante bringt regionaal nijs, allinnich op 12 septimber 2001 waard wrâldnijs brocht oer de oanslaggen yn Amearika. De krante waard oprjochte troch Auke Steegstra, syn heit wie eigener fan drukkerij Trio. It soe in hûs-oan-hûs blêd wurde mei de útstrieling fan in abonneekrante. Steegstra wie yn de begjintiid sjoernalist, fotograaf, setter en bytiden ek krantebesoarger tagelyk.
Burgum hie doe al in abonnemintsktrante, de Bergumer Courant, in krante dy't begjin njoggentiger jierren ophâlde te bestean. De Actief groeide dêrnei út ta in nijsblêd mei in oplage fan 63.000 stiks yn 2010. Jan Auke Steenstra naam drukkerij Actief Media, sa't Trio wyls hiet, yn 2002 oer. It karakter feroare mei de groei fan in streekkrante mei lyts nijs nei in blêd foar in folle breder publyk. De Actief ferskynt sûnttiid ek yn meardere edysjes. Sa stiet it gemeentenijs fan Tytsjerksteradiel net mear yn de kranten dy't yn Smellingerlân ferskine en komme guon artikels wol yn de iene, mar net yn de oare edysje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|