Adelenstate wie in state by Berltsum yn de gemeente Menameradiel. It ûntstean is ûnbekend, der is ek neat mear fan werom te finen. Yn âlde boarnen wurdt neamd dat yn Berltsum in stins/state fan de famylje Adelen stien hat, dy't fan âlds út Seisbierrum kamen.

States om Berltsum en Wier

De "Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden; 14e diel" neamt om 1775: Weleer zag men hier ook nog de Staten Adelen en Eyssinga; doch deze beiden zijn ook reeds voor veele jaaren vernietigd.

It is net mei wissichheid te sizzen wêr't dizze state stien hat, mar mooglik wie dit de s(t)ate tusken Berltsum en Wier dy't Eekhoff neamd ûnder de namme Hooghiem en ek bekend stiet as Asinga.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden; veertiende deel; vervattende het vervolg der beschryving van Friesland (± 1775)
  • O. Santema en dr. Y.N. Ypma -Skiednis fan Menameradiel (red., 1972)
  • Webstee oer states en stinzen