Adriaan Mulder
Adriaan Franciscus Riender Mattheus Katalinus Hendrik Wilhelm Mulder (Schoonhoven, 29 juny 1880 - Breda, 14 oktober 1966) wie in Nederlânske loftfeartpionier en de earste Nederlanner mei in Nederlânsk fleanbrevet. Dit waard op 7 april 1911 útrikt troch de Koninklijke Nederlandse Vereniging voor de Luchtvaart.
Mulder wie ien fan de earste trije learlingen fan de krekt oprjochte Eerste Nederlandsche Vliegvereeniging (ENV), mei mei Henri Bakker en Joseph van Bussel (wiere namme Joseph Maurer).
Nei it beheljen fan dat fleanbrevet waard Mulder oansteld as ynstrukteur en ûnderdirekteur fan de ENV en joech er mannich fleandemonstraasje. By ien fan dy demonstraasjes mei de Helpman-1 (makke yn Helpman ûnder Grins) [1] stoarte er del en rekke er út de tiid.
Begjin 1913 rjochte Mulder tegearre mei de C. Busch de fleanskoalle "De Kampioen" op, op it fleanterrein fan Ede. De fleanskoalle hat it lykwols net lang úthâlden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat |