Eerste Nederlandsche Vliegvereeniging
Eerste Nederlandsche Vliegvereeniging (ENV), Earste Nederlânske Fleanferiening, wie de earste fleanskoalle fan Nederlân. De skoalle hie as ienige it foech om fleanbrevetten út te jaan. Der waard flein fan de Molenheide (no fleanbasis Gilze-Rijen) wei. De fleanskoalle is ek bekend as Vliegschool- of Vliegkamp Molenheide.
De skoalle waard op 8 febrewaris 1910 oprjochte troch in tal pommeranten út de regio Breda; Heerma van Voss wie ien fan harren. Op 28 augustus waard it fleanfjild offisjeel yn gebrûk naam. De Ingelskman Ernest Archer waard direkteur. Hy waard lykwols rillegau ferfongen troch H.F. Lütge. De ENV sluet him oan by de Fakôfdieling fan de Aviatyk fan de NVvL. Sadwande wie er ek oansletten by it Fédération Aéronautique Internationale en hiene jin as earste fleanskoalle fan Nederlân it foech om fleanbrevetten út te jaan.
In pear moannen letter, yn novimber, iepene de firma Verwey & Lugard syn fleanskoallen op fleanbasis Soesterberg en op fleankamp Ede.
Yn 1911 waarden de earste Nederlânsk fleanbrevetten útrikt oan Adriaan Mulder, Henri Bakker en Jan van Bussel (wier namme Joseph Maurer). Letter folgen Heinrich van der Burg (nr. 6) en Frits Bahle (nr. 5). Heinrich waard ynearsten haadkonstrukteur, helle syn fleanbrevet en waard direkteur as opfolger fan Lütge. Ek Frits Bahle begûn as konstrukteur en boude in Blériot XI foar de ENV.
Yn 1913 waard it fleanfjild oernaam troch de Loftfeartôfdieling en kaam der in ein oan oan de ENV.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|