Adrianus Canter Visscher
Adrianus Canter Visscher (Harns, 1707 - Driezum, 1782) wie fiskaal en ûnderkeapman fan de VOC foar de keamer Seelân en grytman fan Dantumadiel.
Biografy
bewurkje seksjeCanter Visscher wie in soan fan Tamme Cornelis Visscher (sa. 1666-1736) en Machteld Jacobs Canter (1766-1735). Hy waard yn Boalsert doopt op 2 oktober 1707. Syn heit wie dokter en trije fan syn bruorren waarden predikant, ûnder wa't Jacobus Canter Visscher wie. Yn 1729 studearre Adrianus rjochten oan de universiteit fan Frjentsjer. Hy gie yn 1731 út Harns wei nei Batavia dêr 't er earst mei syn broer Jacobus wenne oant er him yn 1733 yn Masulipatnam oan de Koromandelkust yn Yndia fêstige. [1] Dêr beklaaide er de funksje fan fiskaal en ûnderkeapman en seach er ta op it leverjen fan stoffen.
Canter Visscher boaske yn 1734 te Masulipatnam mei Alida Keyser. Alida wie in dochter fan Jan Nicolaas Keyzer, Ried fan Ynje en kassier-generaal yn Batavia, en Adriana Grommée. [2]
Yn 1744 gie er werom nei Batavia wêrnei't er yn 1745 wer werom kaam yn de Republyk. [3]
Nei't er werom yn Fryslân wie skreau er yn 1750 it "Canter Visscher Manuscript" of "Canter Manuscript" oer syn tiid yn Masulipatnam. Dêryn beskriuwt er lokale gebrûken, machtsferhâldingen en lit er him posityf út oer de VOC. Yn dit manuskript binne 28 Yndiaaske miniatueren opnommen dy 't er nei alle gedachten nei syn weromkommen yn Nederlân ferwurden hat. Dizze miniatueren litte ûnder mear 14 portretten sjen fan hearskers fan it [ Mogolrijk ]. De oare miniatueren litte aktiviteiten sjen dy 't dizze hearskers ûndernamen. As lêste binne der ek in pear kaarten opnommen. [3]
-
Baber, mogol fan Indostan
-
Den grooten tamerlaan
-
Een persiaanse prins
-
Een vrouw die zich wast
-
Joodabhay dogter van een heidense raja en bij wijf van Auneng Zeeb
-
Tijgerjacht
Weromkeard yn Fryslân kaam Adrianus te wenjen op de Canter State benoarden Driezum. Hy bleau belutsen by de VOC en waard yn 1756 Komitearre op de lânsdei yn Dokkum dêr't er festingen foar yn Noard-Nederlân ynspektearre. Yn 1758 waard er oansteld as grytman fan Dantumadiel. Dy funksje hold er oant syn ferstjerren yn 1782. Syn lichem waard byset yn in grêfkelder yn de tsjerke fan Driezum. Syn grêfstien waard foar de Bataafske Revolúsje omkeard sadat dy net skansearre wurde soe. [4] Petrus Adrianus Bergsma (1743-1824), dy't ûnder Canter Visscher gritenijsekretaris wie, folge him op as grytman.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Tiidline Adrianus Canter Visscher by Openarchieven
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Adrianus Canter Visscher fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|