Aebingastate (Blije)

(Trochferwiisd fan Aebinga State (Blije))

Aebingastate of Humaldastate stie oan de âlde wei nei Holwert noardwestlik fan Blije yn de gemeente Ferwerderadiel. Op it stee stiet no in pleats.

Aebingastate (2010)
Aebingastate

De oarsprong sil yn de 14e iuw lein hawwe as stamhûs fan de yn de 19e iuw útstoarne aadlike famylje Aebinga fan Humalda. Stamfaar wie Anloff Aebinga dy't sûnt 1419 fermelden waard. Syn soan Syurd Aebinga erve yn 1438 "Abingha statha ende huuss, stens ende stensweer mitter greft"; dy syn broer Tzalingh brocht it ta 22e abt fan Mariëngaarde (1427-1462). Syurd syn soan Anloff sluet him yn 1491 oan by it ferbûn mei de stêd Grins; yn 1511 wie hy ferstoarn en wenne syn widdo "Saepck Aebingen" op Aebinga. De 134 pûnsmiet lân (± 45 hektare) dy't ta de state hearde brûkte hja sels. By in boelskieding krige yn 1524 Anloff syn soan Adzaert Aebbinga de state; in oare soan waard stamfaar fan de staach Aebinga fan Humalda; in tredde soan ferfear nei Amsterdam. Yn itselde jier noch makke Adsert syn testamint; syn frou Tyamck Cammingha soe op Aebingastate, mei syn "deel stens ende alle die landen die daertoe hore" wenjen bliuwe meie. Adsert ferstoar pas tweintich jier letter, tusken 1547 en 1549. Hy wertroude nei Tyamcks ferstjerren mei Wits Ytsma.

Nei it ferstjerren fan harren dochter Tiemck yn 1558 kaam de state oan leden fan besibbe famyljes (Aebinga fan Hijum, Wynia, Aylva). Yn 1640 wie de ritmaster Van Haren eigener. Hoe't Willem fan Haren oan de state kaam is net bekend, mar mooglik fia syn frou dy't in beppesizzer wie fan Tryn fan Beyma, waans omke Jan yn 1540 neamd wurdt as eigener fan lannen yn Blije.
Yn 1698 heart de stim oan dr. Abelus Siccama nomine uxore foar de iene helte en de sekretaris Bruinsma foar de oare helte. It goed wie dus wyls in belizzingsobjekt woarn.

Op de kaarten fan Sibrandus Leo (1579) en Winsemius (1622) is Aebinga as edele state oanjûn. Yn 1718 wurdt de state noch binnen singels ôfbylde; yn 1832 stie op it doe noch oan trije siden omgrêfte terrein in kop-hals-romppleats. No noch binne in diel fan de grêft en de singel oanwêzich.

Bewenners
  • 1490 Anloff Aebinga. Soan:
  • Syurd Aebinga. Soan:
  • oant 1491 Anloff Aebinga, 1491. Soan:
  • Adsert Aebinga. Dochter:
  • Tiemck Aebinga, troud mei Goffe Douwes Aebinga fan Hijum. Hja testeart yn 1558. Aebingastate komt oan:
  • Doytse Wynia, soan fan Tiemck Aebinga syn healsuster Fraw Renskama en Syuck Wynia. Doytses suster Saepk troude mei Ulbe Aylva.
  • 1640 Willem fan Haren
  • 1698 dr. Abelus Siccama nomine uxore en sekretaris Bruinsma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel
  • Stinzen yn Fryslân