Alfred de Grutte
Alfred de Grutte (eins: Aelfred; Wantage (Oxfordshire), 26 oktober 849 — beïerdige yn Winchester (Berkshire), 899) wie kening fan Wesseks (yn Ingelân) fan 871 oant syn dea yn 899. Hy wurdt de Grutte neamd, omdat er it leger herfoarme en bestjoerlike fernijings ynfierde dy't it lân te goeden kaam.
Libben
bewurkje seksjeAlfred libbe yn in tiidrek dat Ingelân oanhâldend te litten hie ûnder oanfallen troch de Wytsingen. Hy wie de fiifde soan fan kening Etelwulf en de earste frou fan him. Syn heit wie hieltyd yn kriich mei de Deenske Wytsingen en de soannen fan de kening fochten mei. Ynearsten seach it der net nei út dat Alfred ea kening wurde soe, mar al syn âldere bruorren sneuvelen, sadat er opfolger waard fan Etelred I, syn âldere broer doe't dizze sneuvele tsjin de Denen.
Fjildslaggen mei Wytsingen ûnder lieding fan de Deenske kening Guthrum hawwe ek it begjin fan Alfreds bewâld karakterisearre. Foar koarte tiid slagge Alfred deryn frede te sluten mei de Denen, mar nei inkele jierren ferfetten sy harren oanfallen wer. Uteinlik koe Alfred de Denen yn 878 foarfêst ferslaan en slute mei Guthrum in ferdrach (Treaty of Wedmore). Yn ruil foar frede krige de Deenske lieding in gebiet yn it noard-easten fan Ingelân (Danelaw).
Alfred boaske mei Ealswith fan de Gainy, ferstoarn 905, de dochter fan Ethelred Mucel, ealman fan Gainas en Edurh en ferbûn mei de keninklike famylje fan Mersje. By har krige hy de folgjende bern:
Alfred ferstoar op 26 oktober fan (nei alle gedachten) it jier 899 en waard begroeven yn Winchester. De oarsaak fan syn dea is net bekend. Hy waard opfolge troch syn soan Edward de Aldere.
Bysûnderheden oer it libben fan Alfred binne bekend bleaun troch it wurk fan Asser, dy't as sjoen wurde kin as syn biograaf.
De Grutte
bewurkje seksjeAlfred herfoarme it leger en fierde ferskate bestjoerlike juridyske fernijings yn dy't it lân te goeden kamen, ek op ekonomysk mêd. Hy ferdielde syn grûngebiet op yn shires (greefskippen) dy't hy ûnder tasicht pleatste fan in earl (Ald-Ingelsk ealdorman of 'ealman'). Hy beneamde ek 'sheriffs' dy't har gesach ter pleatse útoefene moasten. De witenagemot, in gearkomste fan de ryksgrutten, besprutsen de steatssaken en moasten út it neiteam fan Alfred in kar meitsje foar de opfolging. Hy befoardere it ûnderwiis, ûnder oare troch it stiftsjen fan in ynfloedrike hôfskoalle. Ek op kultureel mêd wie Alfred aktyf. Al dizze kwaliteiten byinoar besoarge him de bynamme de Grutte.
De kening wie sels ek skriuwer en oersetter. Hy wie ûnder oare mei-oersetter fan Cura pastoralis fan paus Gregoarius de Grutte, De consolatione philosophiae fan Boëtius, Soliloquies, Confessiones fan Augustinus en Historiae Adversus Paganos Libri Septem fan Orosius. In oar wichtich wurk fan syn hân is it wetboek dat troch him opsteld is en dat as earste yn Jeropa yn de folkstaal skreaun waard.