Aeolus Seisbierrum

Aeolus Seisbierrum wie fan 1987 oant 2017 in edukatyf boarters- en dochpark te Seisbierrum yn in fjouwer etaazjes tellende glêzen piramide mei ûnder oare edukative doch- opstellingen. Seisbierrum stiet bekend omdat der in soad wynturbines opsteld stean. Yn 2005 hat Aeolus twa ekologyske fertikale wynturbines sette litten dy’t, passend by de Grykske mytology fan Aeolus, ûnôfhinklik fan de wynrjochting enerzjy leverje.

Aeolus
  ferdivedaasjepark
Aeolus (2010)
Aeolus (2010)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
plak Seisbierrum
adres Hearewei
koördinaten 53° 26' NB, 5° 29' EL
bysûnderheden
type Belibbingspark
eigner Ballorig
iepen 1987
skiednis
iepening 1987
sluting 2017
gebou
boujier 1987
sloopjier 2022
kaart
Aeolus Seisbierrum (Waadhoeke)
Aeolus Seisbierrum
Lokaasje Aeolus yn gemeente De Waadhoeke

"Aeolus" waard boud as edukatyf temapark op it mêd fan wynenerzjy. It park hold it net lang fol en waard nei in pear jier oernaam troch NHL Stenden. Fan dat stuit ôf wie "Aeolus" in lear en wurksintrum wurden. Yn 2002 waard "Aeolus" oernommen troch Ballorig dy't der in boartersparadys fan makke. Dêrneist waard it gebou útwreide mei in boartershal. Op it bûtenterrein ferskynden boarterstastellen wêrûnder in monorail. Ek waarden de fjoertuorren fan It Amelân, Skiermûntseach, Skylge en Teksel taheakke. It park wie it hiele jier troch te besjen.

It attraksjepark gie yn 2017 ticht en yn april 2022 waard de glêzen piramide ôfbrutsen. Op it plak fan it park komt in wenwyk. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Daar gaat de blikvanger van Sexbierum, Frysk Deiblêd, 2 april 2022, s. 9