De Ahr is in 85,1 km lange rivier yn Dútslân. De rivier is in westlike sydrivier fan 'e Ryn en streamt troch de Dútske dielsteaten Noardryn-Westfalen en Rynlân-Palts. De namme komt fan it Keltyske wurd aha, dat wetter betsjut.

Ahr
geografy
lân flagge fan Dútslân
ûntspringt yn Blankenheim
lokaasje boarne 50° 26' N 6° 38' E
mûnet út yn Ryn
lokaasje mûning 50° 33' N 7° 16' E
plakken Bad Neuenahr-Ahrweiler, Sinzig
sifers
lingte goed 85 km
hichte boarne 474 m
ôfwetteringsgeb. 897 km²
 
Boarne fan 'e Ahr yn Blankenheim

De boarne fan 'e Ahr leit op 474 meter hichte yn it sintrum fan Blankenheim yn Noardryn-Westfalen yn in kelder fan in fakwurkhûs.

Ynearsten folget de rivier yn súdeastlike rjochting troch de greiden yn 'e delling. By Ahrdorf komt it rivierke op syn súdlikste punt en dêr giet de stream fierder yn 'e dielsteat Rynlân-Palts. Fan Müsche oer Antweiler nei Fuchskofen streamt de rivier noardlik en makket dan by Schuld oer Insul in bocht nei it easten. By Dümpelfeld nimt de Ahr de noardeastlike streamrjochting oer fan de Adenauer Bach, dy't fan rjochts yn 'e Ahr mûnet. By Altenahr bûget de delling nei it easten en dêr wurdt it ferrin dan ynearsten hiel bochtich.

 
Lânskip healwei it ferrin

De grutste Ahr-ludze leit by Altenahr. Dêr wurdt de delling in kleau mei rûge, rotseftige en útslipe hellingen yn it berchtme. By Reimershofen begjint de wynbou op de súdlike hellingen noardlik fan 'e rivier. It lêste smelle stik fan 'e Ahrdelling leit ûnder de Bunte Kuh, in rotsformaasje dy 't hast oan de rivier ta leit en mar in bytsje romte mear biedt foar ferkear. By Walporzheim wurdt de delling dan ynienen breder en sa komt de Ahr yn Bad Neuenahr-Ahrweiler oan. By Heimersheim komt dan in ein oan 'e wynbou. Tusken Bad Bodendorf en de noardlike râne fan Sinzig wurdt de delling fral foar lânbou en de ferbou fan griente brûkt.

De mûning fan 'e Ahr yn 'e Ryn leit op in hichte fan 53 meter yn 'e Goldene Meile-flakte op it stedsgebiet fan Sinzig, tichteby it oangrinzgjende Remager Stadtteil Kripp. Sûnt 1979 is it gebiet om de mûning fan 'e Ahr wer yn syn natuerlike sitewaasje wersteld.

Oare ynformaasje

bewurkje seksje
 
Mûning fan 'e Ahr yn 'e Ryn

De boarne leveret in trochsnit fan 12 liter wetter per sekonde. It wetter befettet in soad stikstofhâldende ioanen lykas ammonium en nitraat. De Ahr wurdt oanfolle mei wetter út in soad gruttere en lytsere beken en hat in ûnbidich grut ôfwetteringsgebiet fan 897 km². Fan de totale lingte streamt de Ahr 17 km troch Noardryn-Westfalen en likernôch 68 km troch Rynlân-Palts.

De rivier foarmet mei de sydrivieren it sintrale wettersysteem fan it ta de East-Eifel hearrende Ahrberchtme. As de Ahr yn 'e Ryn mûnet ferfiert de rivier 8 m³/s.

 
8 dagen nei de floed fan 2021

Op 14 july 2021 feroarsake oanhâldende stjalprein foar de heechste wetterstân fan 'e Ahr sûnt der in begjin makke waard mei mjittingen. It mjitstasjon yn Altenahr joech om 20:45 oere dy deis in wetterpeil fan 5,75 m. oan. Op 15 july 2021 om 03:45 oere wie by Bad Bodendorf it peil 4,83 m. Op 15 july 2021 waard it wetterpeil by Altenahr mooglik 10 meter, de mjitting wie net mear mooglik om 't it mjitstasjon útfallen wie. Dêrmei waard it hege wetterpeil fan 2016 (6,3 m) oertroffen.

De gefolgen wiene yn 2021 ûnbidich en de floed fersoarsake de dea fan 134 minsken en tûzenen minsken ferlearen alles. De ynfrastruktuer en in soad brêgen waarden foar in part oant folslein fernield.

De Ahr stiet bekend om syn noardlik fan de Ahr lizzende wynbergen. It wynbougebiet fan 'e Ahr is it grutste Dútske sletten wynbougebiet foar reade wyn.

Sûnt 2007 is de Ahr-Radweg tusken Remagen-Kripp en Blankenheim iepene. It fytspaad hat in lingte fan 85 km.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: