Aichi E13A
De Aichi E1 A (alliearde koadenamme: "Jake") wie in langeôfstânsferkenningswetterfleantúch dat fan 1941 oant 1945 brûkt waard troch de Keizerlike Japanske Marine (KJM). It wie yn getallen útdrukt de wichtichste driuwerfleanmasine fan de KJM en koe in bemanning fan trije en in bommelêst fan 250 kg (550 lb) ferfiere.
Operasjonele skiednis
bewurkje seksjeYn Sina operearre it tastel fan wetterfleantúchtenders en krusers ôf. Letter waard er brûkt as ferkenner foar de oanfal op Pearl Harbor en waard er ynset by gefjochten mei de Amerikaanske Marine by de slach yn de Koraalsee en de slach by Midway. It tastel wie yn it hiele konflikt yn tsjinst foar kustpatrûljes, oanfallen tsjin de skippen, ferbiningen, trânsport fan offisieren, rêdingen fan skipbrekkelingen en oare misjes, lykas in pear kamikazemisjes yn de lêste dagen fan de oarloch.
Ien Aichi E 13 A waard troch Nazi-Dútslân brûkt neist twa Arado Ar 196's fan de basis op Penang ôf. De trije fleantugen foarmen de East Asia Naval Special Service om de Dútske Monsun Gruppe en lokale Japanske marineoperaasjes te assistearjen. [1]
Acht eksimplaren waarden brûkt troch de Frânske Force maritime de l'aéronautique navale yn de Earste Yndosineeske Oarloch fan 1945 oant 1947, [2] wylst oare foar de oarloch nei alle gedachten brûkt waarden troch de Keninklike Taiske Marine. Ien eksimplaar (MSN 4326) waard nei de ein fan de fijanlikheden oerdroegen oan de Nij-Seelânske striidkrêften en waard koarte tiid flein troch RNZAF-personiel, mar waard net reparearre nei 't in driuwer skansearre wie en dêrnei sonk op syn lisplak yn de baai fan Jacquinot yn Papoea Nij-Guineä. [3]
Technyske gegevens
bewurkje seksjeParameters | |
---|---|
Bemanning | 3 |
Lingte | 11,30 m |
Hichte | 4,7 m |
Spanwiidte | 14,50 m |
Fleugeloerflak | 36,0 m² |
Fleugellingte | 5,8 m |
Gewicht leech | 2642 kg |
Maks. gewicht by start | 3640 kg |
Oandriuwing | ien Mitsubishi Kinsei 43 fan 795 kW (sa'n 1.080 hk) |
Topfaasje | 376 km/0 |
Tsjinstplafond | 8.730 m |
Fleanberik | 2.100 km |
Bewapening | ien beweechbere 7,7-mm Lewis-masinegewear type 92 efteryn de cockpit, oant 250 kg bommen |
Literatuer
bewurkje seksje- René J. Francillon: Japanese Aircraft of the Pacific War, US Naval Institute Press, 1987, ISBN 978-0-87021-313-7.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aichi E13A fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|