Wetterfleanmasine

(Trochferwiisd fan Driuwerfleanmasine)

In wetterfleanmasine of wetterfleantúch is in fleanmasine dy't bedoeld is om op te stiigjen fan en te lânjen op oerflaktewetters, lykas in mar, in rivier of de see. De earse súksesfolle wetterfleanmasine wie de Fabre Hydravion, dy't yn 1910 boud waard troch de Frânsman Henri Fabre.

In Piper PA-18-wetterfleantúch mei driuwers foar lâning op wetter.

Der besteane twa soarten wetterfleanmasines, wêrby't it ûnderskie draait om 'e wize dêr't it driuwfermogen op reälisearre wurdt.

  • De term 'wetterfleantúch' wurdt ornaris brûkt foar fleanmasines dy't tarist binne mei in lâningsgestel dat driuwers hat op it plak dêr't by 'gewoane' fleantugen de tsjillen sitte. Sa'n soarte fleanmasine wurdt dêrom ek wol in driuwerfleanmasine of driuwerfleantúch neamd. Der binne ornaris twa driuwers, dy't yn 'e lingterjochting ûnder it fleantúch montearre binne. Inkeld komt it foar dat der gebrûk makke wurdt fan trije driuwers, dy't dan yn 'e formaasje fan 'e poaten fan in trijepoats krukje ûnder de fleanmasineromp montearre binne. De grutte fan 'e driuwers hinget ôf fan 'e grutte fan 'e fleanmasine. De driuwers sitte fol lucht, en om't lucht lichter is as wetter bliuwe de driuwers boppe wetter en it fleantúch ek. Trochdat der twa (of trije) driuwers binne (ynstee fan ien), wurdt soarge foar stabiliteit. Der binne grinzen oan 'e belading fan it fleantúch, mar dat is ek sa mei fleanmasinen dy't fan lân ôf opstiigje en lânje.
  • In tige ôfwikend type wetterfleanmasine is de saneamde fleanboat. By dat soarte fleanmasine wurdt it driuwfermogen foar it meastepart levere troch de romp fan 'e fleanmasine. Om't de fleantúchromp yn it wetter rêst, hat er sterk it oansjen fan in skipsromp. Foar de stabiliteit binne faak oan 'e wjukken fan 'e fleanboat lytse driuwers oanbrocht. Dy binne ynklapber, sadat se by it fleanen net foar ekstra luchtwjerstân soargje.

Foar- en neidielen

bewurkje seksje
 
In de Havilland Canada DHC-3T Otter-driuwerfleantúch op it wetter.

It grutte foardiel fan wetterfleanmasines is dat se frijwol oeral wol in plak fine kinne om te lânjen en wer op te stiigjen, útsein yn 'e woastyn. Sels yn berchtmen binne faak wol markes dy't grut genôch binne om yn te lânjen. In gewoan fleantúch is altyd ôfhinklik fan 'e oanwêzigens fan in lâningsbaan of alteast fan in grut stik flakke grûn sûnder obstakels. Dêr stiet foaroer dat de wjerstân dy't in fleanmasine ûnderfynt as er feart meitsje wol op wetter folle grutter is as wannear't er mei tsjillen oer de grûn rôlet. Dat betsjut dat wetterfleanmasines tarist wêze moatte mei in krêftige motor om foldwaande faasje te meitsjen om op te stiigjen. Foar wetterfleantugen dy't op see lânje en opstiigje, jildt fierders dat korroazje troch sâltwetter in probleem is.

Yn it Ynterbellum waarden wetterfleantugen in protte brûkt troch de marines fan ferskate lannen, dy't se ynsetten foar loftferkenning en de bestriding fan fijannige ûnderseeboaten. De fleanmasines waarden ferfierd op marineskippen fan oansjenlike grutte, lykas krusers, en waarden dan fan it dek ôf de loft yn kattepûltearre of fan it dek ôf yn it wetter takele sadat se op eigen krêft opstiigje koene. Skippen dy't spesjaal dêrfoar ûntwurpen wiene, waarden fleantúchmemmeskippen neamd. Yn dyselde tiid kaam ek it fleandekskip op, mar it wie sûnde fan 'e romte om wetterfleantugen, dy't gjin ferlet hiene fan in fleandek om op te stiigjen en te lânjen, op dy skippen te stasjonearjen. Se hiene oer it algemien ek in folslein oare funksje as de bommesmiters en jachtfleanmasines dy't wol op fleandekskippen stasjonearre wiene. Sadwaande koene se by de marine njonken fleandekskippen bestean oant se yn 'e perioade nei de Twadde Wrâldoarloch ferfongen waarden troch helikopters.

Tsjintwurdich wurde wetterfleantugen benammen noch brûkt yn tinbefolke gebieten mei útstrutsen wyldernis dêr't net folle fleanfjilden binne, lykas Alaska, Finlân, noardlik Kanada en Sibearje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.