Air Berlin
Air Berlin (offisjele namme: Air Berlin PLC & Co. Luftverkehrs KG), faak presintearre as airberlin, wie de twadgrutste loftfeartmaatskippij fan Dútslân efter Lufthansa. Air Berlin ferfierde passazjiers nei bestimmings yn Jeropa, Aazje, Afrika en Noard-Amearika.
Air Berlin | |||||
| |||||
Ferskate fleanmasines fan Air Berlin | |||||
Algemien | |||||
Oprjochte | 1978 | ||||
Haadkertier | Berlyn, Dútslân | ||||
Hub(s) | Lofthaven Berlyn Tegel Lofthaven Düsseldorf | ||||
Floatgrutte | 129 | ||||
Bestimmings | 92 | ||||
Loyalensprogram | topbonus | ||||
Alliânsje(s) | Oneworld Etihad Equity Alliance | ||||
Kaaifigueren | Stefan Pichler, direkteur | ||||
Finansjeel | |||||
Omset | €4,16 miljard (2014) | ||||
Winst | - €376 miljoen (2014) | ||||
Wurknimmers | 8.440 (31 desimber 2014) | ||||
Offisjele webside | |||||
www.airberlin.com |
Op 15 augustus 2017 frege it bedriuw fallissemint oan. De lêste passazjiersflecht wie op 27 oktober 2017.
Float
bewurkje seksjeDe float fan Air Berlin bestie op 25 july 2015 út 129 fleanmasines mei in gemiddelde âldens fan 7,2 jier.
Fleanmasine | Tal | Bestellings |
---|---|---|
Airbus A319-100 | 6 | |
Airbus A320-200 | 39 | 6 |
Airbus A321-200 | 18 | 1 |
Airbus A330-200 | 14 | |
Boeing 737-700 | 8 | |
Boeing 737-800 | 27 | |
DHC Dash 8-400 | 17 | |
Totaal | 129 | 7 |