Albert Pierrepoint

Albert Pierrepoint (Clayton, 30 maart 1905 - Southport, 10 july 1992) wie in Ingelske boal [1] dy't tusken de 435 en 600 minsken eksekutearre yn in karriêre fan 25 jier dy't einige yn 1956. Syn heit Henry en omke Thomas wiene offisjele boalen foar him.

Ofjitsels fan Albert Pierrepoint syn antlit en hannen yn it museum fan'e Wandsworth-finzenis

Karriêre yn't koart

bewurkje seksje

Pierrepoint en syn famylje hiene it finansjeel dreech om't syn heit mei tuskenskoften wurke en in soad dronk. Pierrepoint wist doe't er noch jong wie er boal wurde woe en waard yn septimber 1932, 27 jier âld, oannommen as assistint-boal. Syn earste eksekúsje wie yn desimber fan dat jier, tegearre mei syn omke Tom. Yn oktober 1941 fierde er syn earste ophinging út as haadboal.

Yn syn amtstermyn hong er 200 minsken op dy't feroardiele wiene foar oarlochsmisdieden yn Dútslân en Eastenryk, lykas ferskate heech profilearre moardners, wêrûnder Gordon Cummins (de Blackout Ripper), John Haigh (de Acid Bath Murderer) en John Christie (de Rillington Place Strangler). Hy fierde ferskate kontroversjele eksekúsjes út, dêr't Timothy Evans, Derek Bentley en Ruth Ellis ûnder wiene en eksekúsjes foar heechferried - William Joyce (ek bekend as Lord Haw-Haw) en John Amery - en ferried, mei de ophinging fan Theodore Schurch.

Yn 1956 wie Pierrepoint belutsen by in skeel mei in sheriff oer betelling, wat late ta syn pinsjonearring as boal. Hy runde in pub yn Lancashire fan mids jierren 1940 oant yn de jierren 1960. Yn 1974 skreau er syn memoires dêr't er yn konkludearre dat de deastraf gjin ôfskrikmiddel wie, hoewol't er syn stânpunt letter faaks wizige hat. Hy benadere syn taak mei earnst en sei dat de eksekúsje 'hillich foar my' wie. [2]

Syn libben is opnommen yn ferskate fiksjewurken, lykas de film Pierrepoint út 2005, dêr't er yn portrettearre waard troch Timothy Spall.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Deaberjocht yn de Leeuwarder Courant, rieplachte 3 maart 2015.
  2. Pierrepoint, 1977, s. 187