Oarlochsmisdie
In oarlochsmisdie is in slimme skeining fan 'e wetten dy't tapasber binne op wapene konflikten (it saneamde ynternasjonaal humanitêr rjocht), dy't oanlieding jout ta yndividuële strafrjochtlike ferfolging fan 'e ferantwurdliken. Foarbylden fan oarlochsmisdieden binne moard, oarlochsferkrêfting, de deportaasje fan boargers nei wurkkampen, de mishanneling fan flechtlingen of fan 'e boargerbefolking yn beset gebiet, it fermoardzjen of mishanneljen fan kriichsfinzenen en de willensmoedse ferwuostging fan stêden en doarpen.
Hoewol't soartgelikense konsepten al iuwenlang besteane yn 'e foarm fan ûnskreaune regels tusken beskaafde lannen, binne sokke gewoanten foar it earst optekene ta wetten yn 'e Haachske Konvinsjes fan 1899 en 1907. It moderne begryp "oarlochsmisdie" waard fierder ûntwikkele yn 'e Sjenêfske Konvinsjes, en ûnder de Prosessen fan Neurenberch, oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Te Neurenberch waard gebrûk makke fan it Hânfêst fan Londen, dat yn augustus 1945 publisearre waard, en wêryn't behalven oarlochsmisdieden ek misdieden tsjin de frede en misdieden tsjin de minsklikheid beskreaun steane, trije saken dy't gauris mei-inoar mank geane. De Haachske en Sjenêfske Konvinsjes en de Genosidekonvinsje foarmje ûnderdiel fan 'e ynternasjonale wetjouwing en binne dêrom foar eltsenien binend.
Guon lju dy't oanklage binne foar oarlochsmisdieden binne: grutadmiraal Karl Dönitz, dy't Hitler yn 'e lêste dagen fan it Trêde Ryk opfolge as presidint; Hermann Göring, Wilhelm Keitel en Erich Raeder, de oerbefelhawwers fan 'e loftmacht, it leger en de marine fan nazy-Dútslân; Albert Speer, de minister fan bewapening ûnder Hitler; Adolf Eichmann en Ernst Kaltenbrunner, foaroansteande leden fan 'e SS; Hideki Tōjō en Kuniaki Koiso, minister-presidinten fan Japan yn 'e Twadde Wrâldoarloch; de Japanske generaal Yoshijirō Umezu; en Seishirō Itagaki, de Japanske minister fan oarloch.
Ut 'e perioade fan nei de Twadde Wrâldoarloch moatte neamd wurde: de Amerikaanske legerofsier William Calley, foar syn belutsenens by it Bloedbad fan My Lai, ûnder de Fjetnamoarloch; de Bosnysk-Servyske presidint Radovan Karadžić en generaal Ratko Mladić, foar û.m. it Bloedbad fan Srebrenica, ûnder de Bosnyske Oarloch; de Servyske en Joegoslavyske presidint Slobodan Milošević, û.m. foar syn optreden yn 'e Kosovo-oarloch; Joseph Kony, de lieder fan it Fersetsleger fan de Hear, in rebellegroep yn Uganda; de Liberiaanske presidint Charles Taylor, foar syn oanwakkerjen en geande hâlden fan 'e boargeroarloch yn it buorlân Siërra Leone; en Omar al-Bashir, de presidint fan Sûdaan, foar syn rol yn 'e Oarloch yn Darfoer. Fan dy lêste sân binne Calley en koartby ek Taylor feroardiele foar oarlochsmisdieden; Karadžić en Mladić wurde op it stuit yn De Haach berjochte troch it Ynternasjonaal Straftribunaal foar it Eardere Joegoslaavje; Milošević stoar yn syn sel yn De Haach foar't er terjochtstean koe; en Kony en Al-Bashir binne noch op frije fuotten (stân fan saken per 1 oktober 2013).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side. |