Early Bird

(Trochferwiisd fan Albert Veld)

Early Bird wie in Fryske countryband oprjochte yn Aldeboarn en wie aktyf tusken 1963 en 1994. De bandnamme waard yn it earstoan skreaun as Earlybirds, letter as Early Bird.

Early Bird
band
Byldmateriaal ûntbrekt
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Country
bestean 1963 - 1994
label(s) Killroy, CNR, Schaaf Records

Yn 1963 wurdt yn Aldeboarn de countrygroep Earlybirds oprjochte troch bassist Albert Veld en sjonger/gitarist Hendrik Waringa, oanfold mei drummer Koene Paulusma en sjonger/gitarist Siebren Bangma.
Veld en Waringa beslute yn 1975 de trie wer op te pakken as Early Bird. Bystien troch steelgitarist Sjoerdjan de Wit, gitarist Marten Kootje en drummer Appie Bijlsma wurket de groep hurd oan nij repertoire. De band wurdt dan bystien troch de Fryske sjongster Aukje Kuiken.
Yn 1977 spilet Early Bird op in ynternasjonaal countryfestival yn West-Dútslan. Sjongster Fransien Jellema komt dan by de band. Der wurdt in soad yn it bar-dancing en jeugdsoas sirkwy optreden yn Noard-Nederlân. By Killroy ferskynt yn 1978 de earste single ‘Mother Played The Dobro’. Letter dat jier stappe Fransien, Marten en Sjoerdjan nei muzikale mieningsferskillen út de band en rjochtsje de groep New Deal op, in groep dy’t mar in pear jier bestean sil en sûnder folle súkses trije singles en in album opsmite sil. As nije bandleden wurde eks-Grinzer ‘Zusjes’-sjongster Karina Henssens (ek in solo single yn datselde jier), gitarist Piet Spoelstra en steelgitarist Meine Bruinsma oanlutsen.
Yn 1979 ferskynt it earste album First Flight en de dêrôf lutsen single Saturdaynight's Allright by it label Killroy fan Johnny Hoes, dat in soad country-eftige popmuzyk útbringt. Appie Bijlsma giet nei de groep fan Kelly White. Eks Shakey Sam-drummer Leo Roodhof (Nancy and the Sinatras) komt foar him yn ’t plak. Nei santjin jier ferlit mei-oprjochter Albert Veld Early Bird. Syn opfolger is bassist Ronald Lighthart. Drummer Koene Paulusma (dy’t yn eardere besettings yn de jierren sechtich by de groep aktyf west hat) nimt it plak efter it drumstel wer yn. Early Bird wikselt geregeld fan gearstalling. Sjongster Karina makket plak foar Janet Kelery, dy’t ek mar koart by de groep bliuwt, krekt as gitarist Klaas Levinga (1980).
Op 23 febrewaris 1991 jout de band syn ôfskiedskonsert. Mar Early Bird dûkt yn 1994 ynienen wer op als country-duo, besteande út oerlid Hendrik Waringa en Karin Wieling. Op 19 oktober 2013 jout Early Bird een reünykonsert mei âld-leden: Hendrik Waringa, Karin Wieling, Karina Henssens, Agnes Sambrink, Bert Piek, Meine Bruinsma, Leo Roodhof, Marjon Wattimena. Marten Kootje, Pieter Langius, Johannes Rudolphy, Pyt Palstra en Siebren Bangma.

Oarspronklike besetting:

Bandleden troch de jierren hinne:

Singles:

  • I Can Only Hope That You Forgive (1983)
  • Mother Played The Dobro (1978)
  • Saturdaynight’s Allright (1979)
  • Born In A Manger (1980)
  • My Beautiful Lady (1988)

Albums:

  • Earlybirds (1966)
  • Country & Western Songs (1968)
  • First Flight (1978)
  • Fly Away (1980)
  • The Sound Of Country Music (1983)
  • On The Wing (1987)
  • Country Cover Story (1997)
  • We’re Gonna Hold On (2004)
  • Up Trough The Years (2006)
  • Rocking Years (2009)
  • Adios Amigo (2013)
  • A Tribute To Jim Reeves (2023)