Albert ten Broecke Hoekstra

Albert ten Broecke Hoekstra (Holwert, 18 febrewaris 1765 - Amsterdam, 27 augustus 1828) wie in jurist.

Albert ten Broeke Hoekstra waard berne yn Holwert [1] en stamde út in famylje fan kwizekwânsje. Hy studearre rjochten en wie fan 1786 ôf abbekaat oan it Hof fan Fryslân. Yn 1790 waard er lid fan de Admiraliteit fan Fryslân en yn 1794 Folmacht op de Lândei.

Hy wie in learling fan Everwinus Wassenbergh en Jan Willem de Crane. Albert Hoekstra wie tusken 1794 - 1796 en 1816 - 1817 grytman fan West-Dongeradiel en in skoftke heechlearaar Nederlânske letterkunde oan de Universiteit fan Leuven.

Hy beoefene as dilettant de Germaanske talen en ûndersocht de Juniana yn Oxford. Syn plan om in boek oer Gysbert Japiks út te jaan mislearre.

  • Voorrede van den Oorsprong der fabelen in het algemeen en van dien van Reinaard den Vos in het bijzonder, yn de Spieghel Historiael, ?

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, die van 1816 tot 1851 Hoofden van de Gemeenten ten Platten Lande in Friesland zijn Geweest, troch: jhr. mr. H. Baerdt van Sminia, Ljouwert 1851, s. 9