Albrecht II fan Beieren
Albrecht II fan Beieren (1368 – Kelheim, 21 jannewaris, 1397) wie in soan fan Albrecht fan Beieren (1336-1404) en Margaretha fan Brieg.
Hy regearre tegearre mei syn heit yn Hollân, Henegouwen en Seelân en bestjoerde sûnt 1389 ek de Beierske provinsje Straubing yn namme fan syn heit. Hy hâlde meast yn Straubing ta, dêr't hy toernoaien organisearre en de oanlis fan wegen befoardere. Hy steunde ek de tsjerke. Albrecht kaam net tusken beide yn de ynterne konflikten fan syn neven, de soannen fan syn omke Stefan II fan Beieren, mar steunde wol de oarloch tsjin in konfederaasje fan stêden út Swaben en de aartsbiskop Salzburg. Albert besocht meardere kearen de Nederlannen. Yn 1396 focht er yn 'e mande mei syn heit en syn âldere broer Willem VI fan Hollân tsjin de Friezen. Albert ferstoar op weromreis yn de stêd Kelheim, grif oan de gefolgen fan in longûntstekking.