Lângoed Ald Bussum leit ten easten fan de A1 en Bussum, op it grûngebiet fan Huizen oan de Flevolaan 69. It lângoed is frij tagonklik.

lânhûs Ald Bussem

Yn ‘’Stad en Lande’’ fan Goailân anno 1570 wenne op it Muiderslot de baljuw fan Goailân Paulus fan Loo, dy’t by de Reformaasje út syn amt setten wurdt.

Hy wurdt banne en siket syn heil yn it ûnder de jurisdiksje fan Huizen fallende buorskip "Hoog-, Groot- of Oud-Bussem", in delsetting dy’t bestiet út in tal pleatsen mei –krektas in soad doarpen fan Saksyske orizjine - in brink as kearn. Dêr nimme "den voornoemden Van Loo ende sijnen Eerwaerde Huysvrouw Jonckvrouw Anna van Rosseau, heuren kinderen, ofte andere possiderenden" harren yntrek yn it troch de Boargemaster en Regearders fan de stêd Naarden en de Buurmasters fan Laren, Huizen, Hilfertsom en Blaricum oan him skonken "pagthuys". Yn 1929 komme alle pleatsen, wêrûnder 't Oude Pagthuys, mei omlizzende grûnen yn hannen fan de foarname Amsterdamske keapmansfamylje Hinlopen. Harren famylje-embleem, de hinde, is noch werom te finen yn de wynfaan op it tuorke en it byld yn de tún. De famylje Bredius wenne op de hofstee fan 1825-1895. Se wreiden it lângoed út en ferkochten letter in grut part. De Bosk fan Bredius is noch in oerbliuwsel fan it eardere grutte besit.

It lângoed waard yn 1902 oankocht troch Joannes van Woensel Kooy en yndustrieel Floris Vos. Dy rjochtsje de "Maatschappij tot het exploiteren van een hygiënische melkerij" op, dy't de nije eigener waard. Tusken 1902 - 1904 waard it kompleks foar de melkerij boud troch arsjitekt K.P.C. de Bazel. It kompleks bestie doe út tolwe selsstannige boubundige eleminten dy't oanwiisd binne as beskerme 'jong ryksmonumint':

  • it haadgebou (Hofstede Oud Bussem) mei kostâlen yn U-foarm mei heasouders ûnder de reiden dakken
  • kantoar anneks tsjinstwenning,
  • 2 tsjinstweningen oan de Flevoleane
  • suvelhûs (no 4 wenningen) mei neistlizzende flessenspielderij (no wenhûs)
  • 2 tsjinstwenningen oan de Ald Blaricummerwei,
  • stiennen bôgebrêge yn de Ald Blaricummerwei,
  • sieddrûgerij út 1925 (sûnt 1947: Teater De Plankeniers).

It ûndernimmers produsearren natoermolke, dy't 'baktearjefrij' wie. De modelpleats krige wol grutte namsbekendheid, mar bleau ek lang nei de strat ferliesjaan. Eigener Van Woensel Kooy ferkocht geandewei grutte dielen fan it lângoed, ûnder mear lângoed De Beek en de Bosk fan Bredius. Under ynfloed fan de gemeente Naarden waard de pleats yn 1950 in gewoane buorkerij. Om 1970 waard de melkerij nei in grutte ynterne ferbouwing en modernisearring de thúsbasis fan útjouwerij Strengholt. Yn de eardere sieddrûgerij kaam in teater.

It hjoeddeiske lânhûs is fan ± 1920. It is in ryksmonumint. Letter waard der yn de jierren sechtich fan de foarrige iuw noch in oanbou oansetten. It lângoed hie troch de iuwen hinne meardere bewenners:

  • oant 1659: Lambert Gijsbert Janszen
  • 1569 - 1596: Pauwels van Loo
  • 1709 - 1719: mr François Hinlopen
  • 1719 - 1735: Sara van Reygersbergh
  • 1736 - Abraham Scherenberg
  • 1825 - Abraham Bredius
  • sûnt 1903 Joannes van Woensel Kooy mei de N.V. Oud Bussem Exploitatie Maatschappij (Joannes van Woensel Kooy). Yn it haadgebou sit sûnt dy tiid in softwarebedriuw.

Fan 1964 - 1973 siet hjir de Van Creveldklinyk (hemofilyklinyk). It gemeentlike monumint waard yn 1993 en 2002 restaurearre, de oanbou fan de oranjery is fan 2010.

Melkerij Oud Bussem

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

---