Ald Grifformearde Gemeenten yn Nederlân
De Ald Grifformearde Gemeenten yn Nederlân (OGGiN) binne in befynlik grifformeard Nederlânsk tsjerkegenoatskip. It ferbûn is yn 1948 ûntstien út in fúzje fan de Federaasje fan Ald Grifformearde Gemeenten en de Ald-Grifformearde Gemeenten.
Organisaasje
bewurkje seksjeIt tsjerkeferbûn bestiet út 62 gemeenten (ien yn Fryslân) en 3 ôfdielings yn Nederlân. Der is boppedat ien gemeente yn Kanada. It tsjerkeferbûn hat likernôch 18.000 leden en doopleden. De grutste gemeenten binne te finen yn Barneveld, Geldermalsen, Hardinxveld-Giessendam, Kinderdijk, Krimpen aan den IJssel, Stavenisse, Rijssen en op Urk. Neffens it Reformatorysk Deiblêd komme der alle jierren goed 50 leden by.
Teologyske opfettings
bewurkje seksjeDe Ald Grifformearde Gemeenten yn Nederlân hawwe gjin eigen teologyske oplieding foar harren takomstige predikanten. Elkenien dy't predikant wurde wol yn dit tsjerkeferbûn, sille by de predikanten fan it ferbûn thús studearje moatte. Der bestiet gjin ried fan tafersjoch (curatorium), mar der komt wol alle jierren yn jannewaris in Kommisje fan Undersyk byinoar. As der in man talitten wurdt folget hy in kursus by ien of twa fan de predikanten. De earste twa jier giet er troch de gemeenten as proponint. Dêrnei is er beropber as learend âlderling. Nei twa jier learend âlderling wurdt er op 'e nij beropber steld, mar no as predikant. It preekjen binnen de Ald Grifformearde Gemeenten yn Nederlân slút oan by de opfettings yn de befynlik grifformearde kriten. Yn de tsjerketsjinsten wurdt de Steatefertaling brûkt en de psalmen wurde op 'e wize fan 1773 en net-ritmysk songen.
De Ald Grifformearde Gemeenten yn Nederlân binne wat opfettings oer lear en libben oanbelanget ferlykber mei de Grifformearde Gemeenten en de Grifformearde Gemeenten yn Nederlân. It tsjerkegenoatskip is tsjin it brûken fan in telefyzje, faksinaasje en fersekerings. Saken as homoseksualiteit, (it brûken fan) antikonsepsje, abortus en eutanasy wurde as slimme sûnden beskôge. Famkes en froulju klaaie harren yn jurk of rok en hawwe as sy nei tsjerke gean ek in hoed op 'e holle.