Old Stoutenburg, Ald Stoutenburch of Olt Stoutenburght is in 'kastiel' yn Blesdike, gemeente Weststellingwerf. It "kastiel" is in folly en hat nea echt bestien.

Ald Stoutenburch
bouwurk
Ald Stoutenburch
Ald Stoutenburch
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Weststellingwerf
plak Blesdike
adres Markeweg
bysûnderheden
type bouwurk Kastiel
subtype Folly
boujier 1990
arsjitekt Gregorius Halman
oare ynformaasje
hichte 26 á 27 m.
tal ferdjippings 4
kaart
Ald Stoutenburch (Weststellingwerf)
Ald Stoutenburch
Lokaasje fan Kastiel "Ald Stoutenburch"

Tusken de Blesse en Blesdike stiet in sabeare-midsiuwsk kastiel. It is boud troch Gregorius Halman, dy't histoaryske klean ferhiert. De namme Olt Stoutenburght komt fan stout=flink,dryst. It bousel is histoarysk lang net ferantwurde, mar de gemeente seach hjir de lol wol fan yn en hat in bysûndere boufergunning ferliend. Gregorius Halman docht alles sels.

It fjouwerkante gebou hat mânske grutte hoektuorren. Der is in ridderseal, kapel, kelders en dus ek tsjerkers. It gebou is oplutsen fan âld bakstienmateriaal, al wienen der yn de midsiuwen noch gjin bakstiennen yn it waalformaat. Boppedat leit de folly tusken de beammen, wyls in kastiel in frij skoatsfjild hawwe moat. Halman wit soks wol mar hy wol hjir gewoan syn ferbylding sjen litte. Hy luts al de oandacht fan telefyzjeprogramma's as "Hea!" en "Man bijt Hond". It kastiel is sûnt in oantal jier in offisjele trouwlokaasje, ek is der njonken it kastiel in oernachtingsplak foar minsken dy't mei in kampearwein reizgje.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: