Hea! is in Frysk telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân.

It programma bestiet út koarte filmkes oer moaie mominten yn Fryslân, gewoane Friezen, bysûndere ferhalen, drûge humor en Frysk. It publyk mei sels filmkes ynstjoere fan minstens 40 sekonden lingte. It programma giet oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hea bestiet neist reportaazjes út Goeie! en ta beslút Samar in Momint. Hea! is te sjen op Omrop Fryslân fan tiisdeis oant en mei tongersdei om 17.15 oere.

Yn 2017 die Hea! in oprop oan de harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân om mei te helpen oan in nij liet. Mei dy ynstjoeringen hat Piter Wilkens in tekst en melodij skreaun. It publyk mocht aardige, grappige en orizjinele HEA!-moves of dûnskes by it liet betinke. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. It Hea!-liet