Alde Heidenskipster Feart
De Alde Heidenskipster Feart is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân De feart rint fan de Ursulapoel nei de súdliker lizzende Aant Liuwespoel yn It Heidenskip.
Bylâns de Alde Heidenskipster Feart rint oan de eastkant de Heidenskipster Feart. Oan de westkant leit polder De Foarútgong.
De namme Alde Heidenskipster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Heidenschapstervaart.