Heidenskipster Feart
de Heidenskipster Feart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Haaiemer Dolte lâns de Heidenskipsterdyk nei it súdeasten, troch It Heidenskip en de Hofmar en komt dan út yn de Fluezen.
De namme Heidenskipster Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Heidenschapstervaart.