Alde Maaie
De Alde Maaie is de oantsjutting fan 12 maaie. Yn Fryslân waard sûnt 1701 op dy datum troch pachtboeren en lânarbeiders fan buorkerij wiksele. Om praktyske redenen waarden op en rûn dy dei faak kontrakten en houliken sletten. Dêrnei wie der folle wurk en koe de brulloft fuortendaalks werom fertsjinne wurde.
Kontrakt- en rekkendei
bewurkje seksjeDe earste maaie as kontraktdei en rekkendei wie yn om Fryslân hinne al hiel âld. It wie ek de dei fan it maaiefeest en op dy frije dei waarden in soad houliken sluten en begûn foar feinten en de fammen nij wurk. It wie dan ek de grutte ferhúsdei.
Doe de Gregoriaanske kalinder yn 1701 yn Fryslân ynfierd waard begûn it nije jier op 12 jannewaris. Op de nije datum 1 maaie wie it jierkontrakt fansels net ôfrun. Dat rûn troch oant 12 maaie. Dat der kaam in ferskil tusken de feestdei, dy't al ferskowe koe en dus op de 'Nije Maaie' fierd waard, en de fêste kontraktdei dy 't op 12 maaie bleau: "Alde Maaie". (Nei 1701 hiet 1 maaie yn Fryslân yn it earstoan 'nije maeije', mar mei't de nije kalinder as de normale tiidrekkening sjoen waard kaam foar 12 maaie de term 'âlde maaie' yn gebrûk.)
Want de Friezen fûnen it ûnbillik om mei weromwurkjende krêft in kontrakt te feroarjen. It neffens ôfspraak hanthavenjen fan it folle rjocht en it folle geniet fûnen hja wichtiger. En dus bleau de hierder 365 dagen yn syn hûs en betelle op 12 maaie 1701 it folle pûn. Yn in offisjele publikaasje fan 29 jannewaris 1701 waard it befêstige: possessie en gebruik der landen sal expireren op den vijfden Martij, en van de huijsen soo in de Steden als ten Platten Lande, alsmede de verhuijsinge en het vervaren van Dienstboden, soo Knechten als Meijden, met den elfden Meij en November. Sa bleau yn dizze provinsje 12 maaie de datum foar it hieren fan feinten en fammen en foar ferhuzingen. Dit maatskiplik gebrûk waard yn 1723 troch de Fryske Steaten wettich ferklearre.
It hat noch oant yn de 20e iuw wizânsje wêst dat in feint op de Alde Maaie by de baas te wurkjen kaam. It is ek net sa dat doe dy datum feroare is, mar feroarings yn de wurkkultuer hawwe in ein makke oan it jierfeint-stelsel.
Fryske maaie as begryp
bewurkje seksjeFryslân brûkte fan 1701 ôf dus wol de nije kalinder, mar foar hier en keap fan ûnreplik goed en foar it oannimmen fan wurkfolk waard noch mear as twa iuwen fêstholden oan de âlde termynen. 'Fryske maaie' waard in begryp. It betsjutte net allinne 12 maaie, it waard ek brûkt as term foar wat him om dy kontraktdatum ôfspylje koe.
As immen tuskentiids dien krige of ûntslach naam gie hy maaie meitsjen. Barde dat al nei in pear wiken dan bleau it foar him in lytse maaie. Op 11 maaie wie der yn Frjentsjer de jierlikse feemerk mei de byhearrende merke en wa't dat evenemint besocht gie nei maaiejoun. De earste freedsmerk yn Ljouwert nei 12 maaie hiet maaiefreed, in dei wêrop tsjinstboaden en breidspearen ynkeapen diene en der dûnsfeesten wiene yn herbergen. Sawol op dy feesten as by hierskelen lôgen de hertstochten wol ris heech op en koe it der wyld om 'en ta gean: op maaie-dei dan giet it er om wei. Foar it oankundigjen fan it opsizzen fan it tsjinstferbân jilde foar boerefeinten 12 novimber (âld Alderheljen). De hier fan huzen moast opsein wurden foar de sinneûndergong fan 31 desimber. Dan wie der noch genôch tiid foar beide partijen om oars om te sjen. As in húsbaas op âldjiersdei de hier opsizze liet suchten de hierders: Wy hawwe it nijjier krigen!
Yn de earste helte fan de 20e ieu wie de algemiene ferhúsdei op it plattelân noch folop yn 'e swang. Mar yn de stêden mei wike- en moannehieren waard stadichoan troch it hiele jier ferhuze en dêrfan waard sein: yn 'e stêd is it altyd maaie.
Literatuer
bewurkje seksje- Waling Dykstra, UIT FRIESLANDS VOLKSLEVEN. VAN VROEGER EN LATER. dl I (1892)
- Rink van der Velde, Alde Maaie, Friese Pers Boekerij, (2000)