Alde Sint-Martinustsjerke (Düsseldorf)

De Alde Sint-Martinustsjerke (Dútsk: Alt St. Martin) is it âldste tsjerkegebou fan 'e Dútske stêd Düsseldorf en tagelyk it âldste noch besteande bouwurk fan 'e stêd. De oarsprong fan 'e parochytsjerke leit yn 'e Karolingyske tiid, doe't it hjoeddeiske stedsdiel Bilk noch in doarpke wie. Yn 1812 ferlear de tsjerke de funksje as parochytsjerke. In iuw lang waard it gebou net mear as tsjerke brûkt, mar nei de Twadde Wrâldoarloch en ferskillende restauraasjes wurdt de tsjerke hjoed-de-dei brûkt troch protestanten en katoliken.

Alde Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
plak Düsseldorf-Bilk (distr. 3)
adres Martinstraße 72
koördinaten 51° 12' N 6° 45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip simultaan gebrûk
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier 12e iuw
boustyl romaanske arsjitektuer
Webside
Bonifatiusparochy
Luthergemeente
Kaart
Alde Sint-Martinustsjerke (Noardryn-Westfalen)
Alde Sint-Martinustsjerke

Neffens argeologysk ûndersyk wurdt de bou fan 'e tsjerke op likernôch it jier 700 rûsd. Yn dy tiid wie it in rjochthoekige kapel, dy't tusken 788 en 919 troch Saksen, Wytsings of Magyaren delbaarnd waard.

 
Alde Sint-Martinustsjerke mei de foaroarlochske spits op 'e toer.

Om it jier 1000 hinne waard mei de ruïne fan 'e foargonger op itselde plak in trijeskippige pylderbasilyk boud. Wat letter tusken 1150 en 1200 waard oan dy tsjerke in toer fan fiif ferdjippings tafoege. Ek waard de tsjerke mei in rjochthoekich koer en in healrûne apsis langer makke. Om it jier 1200 hinne waar der in stiennen ferwulft ynbrocht. De sydskippen datearje fan de 15e iuw en waarden yn 'e 17e iuw fan bakstien fernijd.
Oan it begjin fan 'e 19e iuw wie de tsjerke sa brekfallich, dat der oan sloop tocht waard. As nije parochytsjerke waard sûnt 1812 in oanbuorjende kapel yn gebrûk nommen, wylst de âlde Martinustsjerke as skuorre en tekstylbedriuw brûkt waaard. Besocht waard om it gebou te ferkeapjen, mar der wie gjin belangstelling. In fersyk om it gebou ôf te brekken waard troch de oerheid ôfwiisd, om 't de toer as in belangryk oriïntaasjepunt foar de omjouwing tsjinne. Healwei de 19e iuw ûntstie dêrnjonken ek de wurdearring foar it gebou as histoarysk monumint. Der waard in komitee fan ynwenners oprjochte, dat mei de earste reparaasjes útein sette. Tusken 1879 en 1881 folge in echte restauraasje fan 'e tsjerke.

By in orkaan yn 1924 stoarte de spits fan 'e toer yn. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de op 'e nij boude spits en it lofter sydskip fernield. Oant 1951 waard der wer wurke oan de renovaasje. In oare grutte restauraasje folge tusken 1962 en 1974. Yn dy tiid waard de ynrjochting ek mei wurk fan moderne keunstners oanfolle.

Arsjitektuer

bewurkje seksje
 
Detail portaaldoarren.

De Martinustsjerke is in ienfâldich, ierromaansk trijeksippich bouwurk. Opfallend is de hege, smelle toer út de iere jierren fan 'e 13e iuw. Fan 'e oarspronklike ynrjochting is net in soad mear oanwêzich. Der binne noch wat fresko's út de 13e iuw yn 'e apsis en twa fresko's, dy't út it koer ôfkomstich binne en tsjintwurdich oan 'e gevelmuorre oanbrocht binne.

De brûnzen tagongsdoarren binne troch de keunstner Bert Gerresheim makke. Alter en tabernakel binne fan Heinz Gernot. De finsters waarden yn 1964 troch de glesker Hermann Gottfried makke. It healrûne glês-yn-leadrút boppe de tagong is út 2006 fan 'e glesker Uwe Hertel út Bilk. It wapen yn dat rút ferwiist nei de stêd Tours, dêr't de patroanhillige fan 'e tsjerke yn 'e katedraal leit begroeven.

It oargel waard yn 1970 troch de Bruorren Krell út Duderstadt boud. It sleeplade-ynstrumint hat 9 registers op twa manualen en pedaal. De spyl- en registertraktueren binne mechanysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Alt St. Martin (Düsseldorf)