De Alde Swarte, ek Wiuwens neamd is in poldermole efkes súdeast fan it doarp Easterlittens yn de gemeente Littenseradiel.

De Alde Swarte

De Alde Swarte, in spinnekopmole dy't oan de Frjentsjerter Feart stiet, waard nei alle gedachten boud yn de 17e iuw. Oant yn 1961 in roede fan de mole bruts, bemealde hy de polder Frankena. Syn funksje waard dêrnei oernomd troch in elektrysk gemaal by Britswert. Yn 1967 waard de Alde Swarte foar it symboalyske bedrach fan ien gûne oankocht troch de gemeente Baarderadiel (dy't yn 1984 opgie yn Littenseradiel). Dy liet de mole, mei in flecht fan 10,60 m., yn 1969 restaurearje. Yn 1981 folge opnij in restauraasje, wêrby't it boppehûs wersteld waard en de boppe-as, de roeden, de skroef en de skroefbak fernijd waarden. De Alde Swarte waard boppedat mei in ynlitdûker op de polder Easterlittens-Britswert oansluten, dêr't hy sûnttiids it hege gedielte fan bemealle kin.

Keppeling om utens

bewurkje seksje