Alde Synagoge (Dessau)

De Alde Synagoge (Dútsk: Alte Synagoge) op 'e hoeke fan 'e Askanische Straße/Kantorstraße yn Dessau wie in synagoge dy't neffens it ûntwerp fan 'e Berlynske arsjitekten Cremer & Wolffenstein yn 1908 foltôge waard. Tritich jier letter waard de synagoge ferneatige.

Alde Synagoge (Dessau)
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
plak Dessau
koördinaten 51°49' N 12°14' E
Arsjitektuer
arsjitekt Cremer & Wolffenstein
boujier 1908
sloopjier 1938
Kaart
Alde Synagoge (Saksen-Anhalt)
Alde Synagoge

De synagoge waard op 18 febrewaris 1908 yn gebrûk nommen. It gebou wie fan bûten neoromaansk en fan binnen neogoatysk. Mei syn hege koepel en dêrboppe in fergulde davidstjer wie it in byldbepalend gebou yn Dessau. De bou fan 'e synagoge mei dêrnjonken in mienskipshûs waard nei alle gedachten mooglik troch de goede finansjele posysje fan 'e Cohn-Oppenheim Stifting.

Tichteby de Alde Synagoge stie ek de yn 1729 boude synagoge. De filosoof Moses Mendelssohn besocht dy synagoge. Yn it ramt fan it betinkingsjier 200 jier letter waard op 7 septimber 1929 in grutte fiering organisearre mei in soad pommeranten. Yn it ramt fan dy betinking waard de Stifting Moses Mendelsohn oprjochte om wittenskiplik ûndersyk te befoarderjen, dêr't in soad bekenden harren oan ferbûnen lykas Albert Einstein, Walter Gropius, Hugo Junkers, Max Liebermann, Max Planck, Eduard Spranger en Arnold Zweig.

De synagoge waard op 9 novimber 1938 yn 'e Reichskristallnacht plondere en yn brân stutsen. In grut oantal torarollen en oare saken fan 'e Israelityske gemeente fan hiel Anhalt leine dêr opslein en gyngen mei ferlern. By de pogrom fan 1938 waard ek it joadske begraafplak ferneatige. De synagoge waard dêrnei mei it oanbuorjende mienskipshûs ôfbrutsen. Yn dat mienskipshûs waard de ferneamde komponist Kurt Weill grutbrocht.

Yn 1988 waard op it eardere plak fan 'e synagoge in betinkingsmonumint set en op 8 novimber 2019 waard de earste stien foar in nije synagoge lein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar referinsjes sjoch de:Alte Synagoge (Dessau)