Aldheidkeamer Weststellingwerf
Aldheidkeamer Weststellingwerf sit sûnt 1954 yn mole Wynlust oan de Sulverleane yn Wolvegea. De kolleksje is ferdield oer trije ferdjippings:
- ûnder
De tsjernmole mei aden, bûter- en tsiisfoarmen en in winkeltsje fan Ensing.
- 1e ferdjipping
Omtinken oan feanterij, rotanyndustry yn Noardwâlde, weinmakkerij, diggelguod en Fryske dracht. Sûnt koart is der in keamer en koken út de jierren '50 fan de 20e iuw.
- 2e ferdjipping:
Skoallokaaltsje, skuonmakkersark, boartersguod en Pieter Stuyvesant.