Aldmear (Westergeast)

feart yn Kollumerlân

De Aldmear is in feart yn de gemeente Kollumerlân. De feart is in noard-súd rinnende ferbining tusken it Dokkumer Grutdjip en de Aldswemmer. It wetter rint yn it noarden rûnom Beintemahûs en dan súd tusken de Terpwei en de Weardebuorsterwei.
Oan de Aldmear stiet de Beintemapoldermûne.

It Aldmear mei de Beintemapoldermûne

De namme Aldmear jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Meer.