Aldsylroede
De Aldsylroede is in wetter yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De Aldsylroede rint fan de Griene Dyk nei it súdeasten en komt út yn in diel fan de Snitser Mar dat Ingherne hjit.
De namme Aldsylroede jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Zijlroede.