Aleijda Wolfsen (Swol, 22 oktober 1648 – dêre, 25 augustus 1692) wie in skilderes yn de Gouden Iuw.

Aleijda Wolfsen
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 oktober 1648
berteplak Swol
stoarn 25 augustus 1692
stjerplak Swol
offisjele webside
RKD-profyl

Sy waard berne yn Swol as dochter fan de begoedige boargemaster Hendrik Wolfsen (1615-1684) en Aleijda Verwers (1626-1665) yn it hûs oan de Grote Aa bij de Wal, it lettere Melkmarkt 53. Har heit hie wichtige politike funksjes.
Yn 1657 ferhuze de húshâlding nei De Haach, hoewol't sy it hûs yn Swolle oanholden. De jonge Aleijda waard learlinge fan Caspar Netscher. Sy wie befreone mei de famylje, dy't sy mooglik koe út Swolle, dêr't Netscher learling west hie fan Gerard ter Borch. Har namme kaam faak foar as tsjûge by de oanjefte fan de berte fan Netscher syn bern. Yn 1665 stoar Aleijda's mem yn it kreambêd by de berte fan har alfde bern. Har heit troude trije jier letter yn 1668, mar net foardat Aleijda sels op 5 oktober 1667 yn Rijswijk troud wie mei de boargemaster fan Swol Pieter Soury.
Hja beluts mei har man it hûs yn Swol en hold, sa 't har heit ek dien hie, it hûs oan, nettsjinsteande dat hja mei har man in pear jier nei De Haach en Amsterdam ferhuze. Ek nei har houlik skilderje se, wat ûngebrûklik wie foar har tiid. Har heit skreau in gedicht yn in album dat Gesina ter Borch yn 1660 byhold, wat derop wiist dat de famylje yn keunstnersrûnten tahold.

Har biografy, skreaun troch Jacob Campo Weyerman, betitelet har as penseelprinses.

Wolfsen stoar by de berte fan har fyftjinde bern dat mei har begroeven is. Tsien fan har bern oerlibben har.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: