Aleksander Nevski-katedraal (Tver)
De Aleksander Nevski-katedraal (Russysk: Собор Александра Невского; Sobor Aleksandra Nevskogo) is in tsjerkegebou fan it bisdom Tver fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. De katedraal stiet by it treinstasjon fan Tver.
Aleksander Nevski-katedraal
Собор Александра Невского | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Tver | |
plak | Tver | |
koördinaten | 56° 50' N 35° 53' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | F.N. Malinovski | |
boujier | oarspronklike bou 1891-1893 werbou 2010-2013 | |
sloopjier | 1983 | |
boustyl | Neorussyske arsjitektuer 19e iuw | |
Webside | ||
sobor-nevskogo.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe bou fan 'e oarspronklike tsjerke fûn plak tsjin 'e ein fan 'e 19e en it begjin fan 'e 20e iuw. De stêd makke yn dy tiid troch nije fabriken en in tanimmend ynwennertal in foarse groei mei. De bewenners, dy't yn 'e delsetting by it stasjon wennen, fersochten in nije tsjerke te bouwen. Noch yn itselde jier joech Aleksander II tastimming foar de bou fan in tsjerke, wêrfoar't in stik lân oan it Privokzalnaja-plein tawiisd waard en de arsjitekt A. Fedorova krige opdracht om in ûntwerp te meitsjen.
Brek oan jild en oare swierrichheden soargen foar fertraging fan 'e bouplannen en lieden ta it meitsjen fan in nij projekt troch F.N. Malinovski yn 1889. It plan krige yn it ramt fan 'e neitins oan 'e mirakuleuze redding fan tsaar Aleksander Aleksandrovitsj en syn famylje by de treinramp op 17 oktober 1888 by Borki by Charkov goedkarring en op 30 augustus 1891 waard útein set mei de bou fan 'e tsjerke, dy't twa jier letter op 30 augustus 1893 ôfsletten wurde.
Yn 1929 waard de tsjerke sletten, de koepels en klokketoer waarden sloopt en it ûntwijde gebou waard dêrnei foar ferskillende funksjes ferboud. Nei de kriich wie yn 'e eardere tsjerke in winkel ûnderbrocht. Mei de bou fan in nije stasjon en de werynrjochting fan it plein by it stasjon waard it restant fan 'e tsjerke yn 1983 ôfbrutsen.
Werbou
bewurkje seksjeIn yn 2009 stifte groep minsken fan û.o. ûndernimmers en foaroansteande ynwenners fan Tver krewearren foar de werbou fan 'e tsjerke en op 20 oktober 2010 waard útein set mei de rekonstruksje fan 'e nije Katedraal fan 'e hillige rjochtfeardige prins Aleksander Nevski oan it Stasjonsplein. By de earste stienlizzing wiene fersjintwurdigers fan it stedsbestjoer oanwêzich en filantropen, fan wa't de nammen op in plakette yn 'e katedraal fêstlein binne.
Op 12 septimber 2013 waarden de krusen en koepels op 'e nijbou set. De earste tsjint yn de rekonstruearre tsjerke fûn plak op Peaskesnein, 12 april 2015.
De rekonstruksje fan 'e katedraal fûn plak mei help fan bewarre tekenings út de 19e iuw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор Александра Невского (Тверь)
|