Aleksander Nevskikatedraal (Novosibirsk)
De Aleksander Nevskikatedraal (Russysk: Собор Александра Невского; Sobor Aleksandra Nevskogo) is in otterdokse tsjerke yn 'e Russyske stêd Novosibirsk.
Aleksander Nevskikatedraal Собор Александра Невского | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
lânsdiel | Novosibirsk | |
plak | Novosibirsk | |
koördinaten | 55° 1' N 82° 55' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1897-1899 | |
boustyl | Neobyzantynske arsjitektuer | |
Webside | ||
ansobor.ru | ||
Kaart | ||
De bouskiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke is ien fan 'e earste stiennen bouwurken yn Novosibirsk, dy't tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw yn neobyzantynske styl boud waard. De tsjerke hat in soad wei fan Vasili Kosjakov's Tsjerke fan Us Leaffrou de Genedige yn Sint-Petersburch. Foar't yn 1897 útein set waard mei de bou, waard yn 1895 earst in tydlike houten tsjerke boud.
It grutste part fan it wurk wie tsjin 'e ein fan 1898 foltôge en op 29 desimber 1899 waard de tsjerke troch biskop Makarius fan it bisdom Tomsk-Barnaûl ynwijd. De tsjerke wie boppedat in monumint foar de organisator fan 'e Transsybearyske Spoarwei, keizer Aleksander III. De keninklike famylje stelde ek jild beskikber foar de bou fan 'e tsjerke. Nei't der yn 'e stêd mear otterdokse tsjerken boud waarden, krige de Aleksander Nevskitsjerke de status fan katedraal.
De tsjerke yn it Sovjet-tiidrek
bewurkje seksjeNei de revolúsje waard de katedraal oerdroegen oan 'e Libbene Tsjerke. De sluting fan 'e katedraal foar de earetsjinst fûn plak yn 1937. Der waard besocht om it gebou op te blazen, mar dêrby rekken allinnich de muorren skansearre. Yn 'e jierren 1940 joech de tsjerke ûnderdak oan in ynstítút en fan 1956 ôf in filmstudio. Yn 'e rin fan 'e tiid waard de tsjerke folslein fernield. Alle muorrefresko's gyngen ferlern, yn 'e tsjerke waarden trije ferdjippings ynboud en oan 'e tsjerke ferskynden oanbouwsels.
Weromjefte
bewurkje seksjeDe katedraal soe yn 'e jierren 1980 restaurearre en oanpast wurde om der in konsertgebou fan te meitsjen en it plan wie om yn 1988 mei it wurk te begjinnen, mar ûnder de boargers kaam by de fiering fan 1000 jier Kristendom yn Ruslân in beweging opsetten om de katedraal werom te jaan oan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. Op 25 augustus 1989 waard it gebou troch de gemeente oerdroegen oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en op 15 maaie 1991 konsekrearre patriarch Aleksi II de tsjerke op 'e nij. Op dat stuit wie de katedraal yn in strieminne steat. De klokketoer wie opblaasd, it ynterieur wie hielendal feroare, de ikoanen, klokken en it tsjerklike reau wiene konfiskearre en de muorrefresko's en de ikonostaze wiene ferneatige. Ek oan 'e bûtenmuorren wie foar in hiel lang skoft neat mear dien en de koepels wiene op in soad plakken ferrotte.
Fuort nei de oerdracht begûn de restauraasje. De klokketoer waard op 'e nij boud, de skeinde bûtenmuorren waarden renovearre en it ynterieur opknapt en op 'e nij bepleistere. Healwei it earste desennium fan it nije milennium waarden de fresko's yn 'e tsjerke en de bou fan 'e ikonostaze foltôge. By de tsjerke waard boppedat in lytse bakstiennen doopkapel ta eare fan Sint-Jan de Doper boud mei in bassin foar algehiele ûnderdompeling.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Собор во имя Александра Невского (Новосибирск)
|