Vasili Kosjakov
Vasili Antonovitsj Kosjakov (Russysk: Василий Антонович Косяков; * 1862; † 1921 yn Petrograd) wie in Russyske arsjitekt en akademysk dosint.
Kosjakov is benammen bekend woarn fanwegen syn ûntwerpen fan neobyzantynske tsjerken en boude katedralen yn bygelyks Sint-Petersburch, Kronstadt, Peterhôf, Liepāja, Astrachan en Batumi. Syn oplieding hied er hân by Nikolai Sûltanov, dy't Ruslân ek ferskate monumintale bouwurken neiliet.
Wurk
bewurkje seksjeLykas Sûltanov ûntwurp Kosjakov gebouwen yn byzantynske en russyske styl. Hy boude in grut tal tsjerken en wat minder ek oare gebouwen. Syn earste projekt dat útfierd waard wie de fan 1889 ôf boude Tsjerke fan de Barmhertige Mem Gods yn Sint-Petersburch, in ienkoepelige byzantynske tsjerke mei fjouwer apsissen, lykas de ûntwerpen fan David Grimm en Roman Kûsmin earder yn de jierren 1850. Dat type ûntwikkele Kosjakov fierder en sa liet er yn de jierren 1906-1908 bygelyks de Vladimirkatedraal yn Astrachan bouwe.
Kosjakov wie ien fan de earste arsjitekten út Sint-Petersburch dy't yn it ûntwerp in ferwulft fan krusende bôgen tapaste. Hy paste dat ek ta yn katedrale tsjerken, lykas de katedraal fan Sint-Nikolaas yn Liepāja (1900-1903) en de Kazan-katedraal by Danilov (1900-1918). Sa makke er it mooglik om it ynterieur fan tsjerken frij te meitsjen fan pylders, wêrtroch't it ynterieur rommer en ljochter waard. Ek de tapassing fan beton as materiaal foar de bôgen wiene yn dy tiid nij yn de russyske bou.
Njonken tsjerken boude Kosjakov yn Sint-Petersburch ek oare gebouwen, lykas yn 1897 in appartemintegebou, yn 1899 it haadgebou fan in papierfabryk en yn 1901 de ferbou en útwreiding fan de middelbare skoalle en it hûs fan de Simeon- en Annatsjerke (Mochovaja Ul. 46).
Yn 1901-1906 liet er yn russyske styl de Pûlitov-tsjerke (Prospekt Statsjek 48) by de Pûlitov-fabryk bouwe. Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke sletten en yn de styl fan it konstruktivisme ferboud as in ferieningsgebou foar de Reade Pûlitovarbeiders. Nei 1945 folge in ferbouwing fan de eardere tsjerke yn de styl fan it sosjalistyske klassisisme.
It measte wurk fan Kosjakov is te finen yn Sint-Petersburch en omkriten. Guon gebouwen binne lykwols ek te finen yn de fierste úteinen fan it eartiidske Russyske Ryk (yn it suden Astrachan en Batumi, yn it noardwesten yn Letlân en yn it noarden yn Danilov en Kûkoboi.
Troch mannichien wurdt de Marinekatedraal yn Kronstadt as it belangrykste wurk fan Kosjakov beskôge.
Begraafplak
bewurkje seksjeVasili Kosjakov leit begroeven op it Novodevitsji-tsjerkhôf fan Sint-Petersburch. Op 10 oktober 2007 waard foar de arsjitekt op it tsjerkhôf in monumint stifte.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Tsjerke fan de Barmhertige Mem Gods (Sint-Petersburch) -
Marine Katedraal (Kronstadt) -
Nikolaaskatedraal (Liepāja) -
Epifanytsjerke (Sint-Petersburch) -
Kazan-katedraal (Gorûsjka by Danilov) -
Kazan-tsjerke fan it Ferrizenis-Novodevitsji-kleaster (Sint-Petersburch)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Косяков, Василий Антонович
|